Elly van der Goot nije direkteur Skouboarch De Lawei
Resint ferskynd
- Stikken Pier21 wurde opfierd yn Mauritanië en Udine (It.) 0
- Coen Verbraak snein 26 maart yn petear mei keunstneres Els Timmerman 0
- Oersetwedstriid Randy Newman 0
- Dochter bewenner kibboets Frjentsjer kriget bysûndere tekening fan Histoarysk Sintrum Frjentsjer 0
- Belgyske plysje fynt stellen postpakketten werom 0
Elly van der Goot is mei yngong fan 1 maart 2023 beneamd as nije direkteur-bestjoerder fan Skouboarch De Lawei. Hja wurdt dêrmei de opfolger fan Stef Avezaat. Dy is sûnt 2003 direkteur-bestjoerder fan it teäter yn Drachten en giet mei pensjoen.

Elly van der Goot (foto: Saskia Bruinsma)
Mei Elly van der Goot kriget De Lawei in direkteur-bestjoerder mei in soad ûnderfining as liedingjaande en tafersjochhâlder yn de kulturele sektor en de frijetiidsekonomy. Frou Van der Goot (51) is gjin frjemde yn Smellingerlân, Fryslân en it Noarden. De ôfrûne njoggen jier wurke se as tydlik manager, û.o. as saaklik direkteur fan Museum Dr8888 en as liedingjaande û.o. by de provinsjes Fryslân, Grinslân en Drinte.
Johan Russchen, foarsitter fan de Rie fan Tafersjoch fan Skouboarch De Lawei: “De Rie fan Tafersjoch is optein oer de beneaming fan Elly van der Goot. Elly is in op minsken rjochte direkteur-bestjoerder, mei each foar kultureel ûndernimmerskip en in grut netwurk yn it Noarden. Hja is by steat om brêgen te slaan binnen de organisaasje en mei de wichtichste belanghawwers út de omjouwing. Wy binne derfan oertsjûge dat Elly mei har ûnderfining, belutsenheid en liederskip derfoar soarget dat De Lawei ek yn ’e takomst it brûzjend hert en de húskeamer fan Drachten en wide omkriten bliuwt.”
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje