Earste haadrollen KRO-NCRV’s ‘The Passion’ bekend

febrewaris 20, 2023 08:35

Buddy Vedder (Judas), Bertrie Wierenga (Maria Magdalena), Ferdi Stofmeel (Petrus), Sinan Eroglu (Jezus), Marlijn Weerdenburg (Maria), Dragan Bakema (Pilatus) en Anita Witzier (ferslachjouwer) ferfolje de haadrollen yn The Passion 2023. Dit jier stjoert KRO-NCRV it grutste muzikale peaske-evenemint streektrjocht út Harns wei út op Wite Tongersdei 6 april. Dizze trettjinde edysje is wer mei publyk.

Foto: Sander Mulkens

KRO-NCRV fynt it wichtich dat it universele ferhaal oer leauwe, hoop en leafde noch hieltyd ferteld wurdt en elkenien oansprekt – jong, âld, leauwich of net. It ferhaal blykt hjoed-de-dei noch hieltyd aktueel. Yn in aloan yndividualistyskere mienskip stiet men faak mear stil by wat jin ferdielt as by wat jin ferbynt, wylst it ferlet fan iennigen en ferbining just tanommen is. Uteinlik hat elkenien leafde nedich. KRO-NCRV ûntwikkelet út de tradysjes wei programma’s en inisjativen, lykas The Passion, dêr’t leafde foar jins neisten in grutte rol yn spilet. Troch de keppeling mei maatskiplike ûnderwerpen yn de fertelling, wol de omrop sjoggers út hiel Nederlân mei-inoar ferbine. Dat bart dit jier mei publyk út Fryslân. Nei it sukses fan ferline jier kriget it peaskeferhaal ek dit jier wer in ferfolch mei Himelfeart.

Mei-inoar The Passion ûnderfine
Om it peaskeferhaal foar elkenien tagonklik te meitsjen, wurdt keazen foar in fariearre ploech en muzykhits dy’t binnen de kontekst fan The Passion in hiel nije lading krije. Boppedat wurdt de trettjinde edysje wer foarsjoen fan audiodeskripsje fan KRO-NCRV-dj Wouter van der Goes op NPO Radio 2 en in dôvetolk op NPO 1 Ekstra. Dêr wol KRO-NCRV elkenien op itselde momint deselde ûnderfining mei jaan. Yn de trettjinde edysje fan The Passion stiet it tema ‘leun op my’ sintraal, dêr’t mei ynheakke wurdt op de maatskiplike aktualiteit.

The Passion Talk
Fuort nei de streekrjochte útstjoering wurdt yn The Passion Talk, presintearre troch Klaas van Kruistum, neipraat mei de haadrolspilers en foarútsjoen nei The Passion Himelfeart. The Passion Talk is op tongersdei 6 april streekrjocht te sjen by KRO-NCRV op NPO 3, fuort nei de live-útstjoering op NPO 1.

Dit jier wurdt The Passion en The Passion Himelfeart 2023 mei mooglik makke troch Protestantske Tsjerke yn Nederlân, Kânsfûns, Bartiméusfûns, de gemeenten Harns en Súdwest-Fryslân, Provinsje Fryslân en produsearre troch Mediawater.

The Passion 2023 wurdt út Harns wei útstjoerd op Wite Tongersdei 6 april om 20.30 oere by KRO-NCRV op NPO 1. The Passion Talk wurdt fuort nei de live-útstjoering útstjoerd op NPO 3. The Passion Himelfeart wurdt útstjoerd op tongersdei 18 maaie om 20.30 oere by KRO-NCRV op NPO 1.

Persfoto’s

febrewaris 20, 2023 08:35
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.