Duorsume merk en sjochdei archeology Waachplein Ljouwert op sneon 11 febrewaris
Resint ferskynd
Sneon 11 febrewaris organisearret de gemeente Ljouwert twa eveneminten. De Duorsume merk yn ’e hal fan it gemeentehûs en de sjochdei fan de archeologyske fynsten op it Waachplein.

Foto: Gemeente Ljouwert
Duorsume merk
De merk bringt lokale, duorsume ûndernimmers en harren produkten foar it fuotljocht. Undernimmers fertelle it ferhaal efter harren sirkulêre produkten. Alle produkten binne ek te keap op ’e Duorsume merk. It tema fan de Duorsume merk is diskear ‘sirkulêre ekonomy’. Dat yn it ramt fan de lanlike wike fan de sirkulêre ekonomy. Njonken de bedriuwen binne der eksposysjes, lêzingen en wurkateliers. Der wurdt ek advys jûn oer enerzjysubsydzjes en help by enerzjy besparjen. Wethâlder Evert Stellingwerf iepenet de merk om 13.00 oere. De Duorsume merk is oant 17.00 oere iepen.
Sjochdei Waachplein
De sjochdei is in unike kâns foar elkenien dy’t mear te witten komme wol oer de opgraving fan de âlde waach, de archeologyske fynsten en de fergriening fan it Waachplein. Nei 11 febrewaris geane de wurksumheden oan it Waachplein fierder.
Op de sjochdei is it bouterrein tagonklik foar publyk fan 10.00 oere oant 15.00 oere, útsein tusken 12.00 en 13.00 oere. Besikers hoege har net fan tefoaren oan te melden. Om de fyftjin minuten is der in rûnlieding. Op dy wize wol de gemeente safolle mooglik minsken de kâns jaan om de fynsten te besjen en fragen te stellen. Der is in rinrûte en bern meie ûnder begelieding fan in folwoeksene de boulokaasje op. Bûten de boulokaasje is de fundearring fan de âlde waach ek goed te sjen.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje