Drokte by de kust lâns troch noarderljocht

febrewaris 28, 2023 09:04

It noarderljocht hat in protte minsken op ’en paad brocht, benammen yn de kustprovinsjes. Krekt as sneintejûn wie it bysûndere fenomeen op tal fan plakken te sjen, hoewol’t der faak wol in kamera foar nedich wie. Yn it noarden bedoar de berûne loft soms it sicht.

Noarderljocht (foto: pixabay.com)

Omrop Fryslân berjochtet dat tsientallen minsken moandetejûn nei de kust kommen wiene. By Swarte Haan stiene justerjûn mear as hûndert minsken nei de bysûndere loft te sjen. Yn Westhoeke, likernôch in kertier riden fierderop, ûntstie sels koarte tiid in file mei noarderljochtspotters. Op Skylge wie it noarderljocht poerbêst te sjen.

Yn Seelân wie it ek drok. Omrop Seelân hat it oer in ‘lichte noarderljochtkoarts’. In nijsgjirrige Belch seit tsjin de omrop twa oeren ûnderweis west te hawwen om it natuerfenomeen út Westkapelle wei te sjen. “Myn freondinne wie lêsten yn Laplân”, fertelt de toerist. “Dêr hat se it griene noarderljocht sjoen. Doe’t wy hearden dat it hjir ek te sjen wie, binne we yn ’e auto stapt. Hjir is it read.”

In ferslachjouwer fan NH Nieuws berjochtet dat it poalljocht op Teksel net mei it bleate each te sjen wie. “Mar mei in telefoan in stik better. De slutertiid stiet op tsien sekonden.”

febrewaris 28, 2023 09:04
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.