Doede Wiersma: Lije foar de gerjochtichheid

febrewaris 26, 2023 07:00

Oertinking

Doe’t er him ynsette foar de donkere minsken yn Amearika, krige ds. Martin Luther King te meitsjen mei drigeminten yn brieven, oer de telefoan en op strjitte. Op ’t lêst waard er deasketten. Wy witte hoe’t er, as it derop oankaam, syn krêft socht yn it gebed.

It ferhaal by de kommende snein is ‘de ferhearliking op ’e berch’. Dan hearre wy dat Jezus krêft siket om’t Er wit dat Him lijen te wachtsjen stiet. Dat dat lijen it gefolch fan syn boadskip is, lêze wy yn de sillichprizingen:

“Sillich dy’t ferfolge wurde om’t se gerjochtichheid wolle…
Sillich wannear’t se jimme om My húnje en ferfolgje…” (Matteüs 5:10, 11).

Om’t Jezus de rjochtfeardige wêze woe, wist Er út syn ‘Bibel’ dat de rjochtfeardige lijen wachtet. Minsken dy’t asosjaal harsels ferrykje woene, of dy’t macht begearden, hiene in hekel oan rjochtfeardigen:

“De ferkearde bret kwea út tsjin de rjochtfeardige en hy knarst tsjin him mei de tosken” (Psalm 37:12).
“Se loere op de went fan de rjochtfeardige en ferniele syn sliepstee” (Spreuken 24:15).
“De rjochtfeardige hat gâns te lijen” (Psalm 34:20).

It is fan it grutste belang dat wy Jezus tsjin dy eftergrûn sjogge. Dêrsûnder kinne wy syn opstanning net begripe. Yn ’e opstanning giet it derom dat it kwea yn ’e wrâld net ivich foar master opslacht.
Mar hoe hâldt sa’n rjochtfeardige it fol?

De dichter fan Psalm 94, dy’t wit dat ‘ferkearden’ it op de rjochtfeardige fersjoen ha en ûnskuldich bloed ferjitte, seit it ús foar:

“As ik tocht dat myn foet útglide soe,
hâlde jo leafde my oerein” (fers 18)

Lêze: Psalm 94:14-23

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, dat by de KFFB te bestellen is foar de ledepriis fan € 19,50. (boekeklub@kffb.nl, 06-5168 1577)
febrewaris 26, 2023 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.