Doede Wiersma – ‘Ik bin it ljocht’

febrewaris 12, 2023 07:00 Fernijd

Oertinking

Hjoed-de-dei is der in ljochtterapy foar minsken dy’t yn de donkere tiid fan it jier, lêst ha fan swiersettigens. Troch ljocht komt de natuer ta libben. Ljocht fan strjitte-, auto- en fytslampen is yn ’e nacht in útkomst. As de elektryske stroom útfalt, sitte wy oanklaud. “It ljocht is swiet”, wist de Preker al (11:7).

Ien fan de sân wurden dêr’t Jezus himsels mei oantsjut is ‘ljocht’: “Ik bin it ljocht fan de wrâld.” As Jezus fan himsels seit: Ik bin dit of dat, dan kin dat opskepperich oerkomme. Dat is it net, want, seit Jezus: “Ik ha net út mysels sprutsen… De Heit hat My opdroegen wat Ik sizze en sprekke moat…” (Johannes 12:49).
Mei it byld ‘ljocht’ komt der hiel wat út de Bibel op ús ta: God, syn Wurd en Tora binne ljocht. Minsken dy’t foar it goede kieze, rinne yn it ljocht en dy’t kwea wolle yn it tsjuster. As in folk yn tsjusternis libbet, bliuwt der lykwols altyd hoop op ‘ljocht’ (Jesaja 9:1).
De rjochtfeardige mei ivich hoop op ljocht hâlde (Psalm 97:11; 112:4; Micha 7:8b, 9b).
Yn it djippe gedicht dat as blide ûvertuere oan syn evangeelje foarôfgiet, skriuwt Johannes dat Jezus “it wiere ljocht is dat elk minske ferljochtet.”
Lykas mynwurkers mei de lampe op ’e helm de minen yngeane, sa libje wy yn dizze wrâld, mei Kristus Jezus as it ljocht op ús libbenspaad. Syn belofte is: “Dy’t achter My oan komt, sil wis net yn it tsjuster omrinne.” Krektoarsom: “sy steane te blinken as stjerren oan ’e loft” (Filippiërs 2:15).

Lêze: Johannes 8:12; 12:46

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, dat by de KFFB te bestellen is foar de ledepriis fan € 19,50. (boekeklub@kffb.nl, 06-5168 1577)
febrewaris 12, 2023 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.