Doede Wiersma: De berchrede as troanrede op ’e tredde tiisdei fan septimber
Resint ferskynd
Oertinking
Leden fan de Steaten Generaal,
Mei hert en siel sil it regear him ynsette foar minsken dy’t har rie te’n ein binne fanwegen earmoed. Yn ús lân is der in earme kant, benammen yn efterstânswiken. Mondiaal is der grutte earmoed: de helte fan alle minsken hat te min iten, gjin skjin wetter en gjin sûnenssoarch. Sy sille it ideaal krije!
De polityk fan it regear is rjochte op minsken dy’t fertriet ha. Wy tinke oan it fertriet troch rampen lykas yn Volendam en Enschede, yn it ferkear (alle dagen trije deaden), slimme sykten ûnder it fee en skea troch wetteroerlêst. Ek by rampen bûten ús lân troch epidemyen, oarloch of natuergeweld sille wy helpe. Elk dy’t fertriet hat sil treaste wurde!
It regear stelt him garant foar minsken dy’t op help oanwiisd binne. Hieltyd wer wurde bern berne mei in handicap. Oaren reitsje ôfhinklik troch ûngemakken, sykte, ferlamming en beroerte. Troch wurkleazens reitsje minsken ek yn swierrichheden. Yn de wrâld wolle wy helpe wa’t gjin helper hat. Foar harren ferklearje wy dat de ierde harres is!
It regear stiet foar alle minsken dy’t longerje nei gerjochtichheid. Dy’t te min iten en drinken ha, gjin dak boppe de holle, gjin kâns op ûnderwiis en sûnenssoarch, se sille dy basisrjochten krije. Rûnom yn ’e wrâld dêr’t minsken diskriminearre wurde fanwegen leauwe, aard, hûdskleur of godstsjinst, sille wy soargje dat se har rjochten krije!
Dêrfoar docht it regear in appèl op alle boargers om barmhertich, oprjocht en fredestichtsjend te wêzen en om har yn te setten foar minskerjochten, ek as dat tsjinwar opropt. Sokke boargers sille tenei in lintsje krije en net de grutte sweeslaggers, de roppers en razers en swetsers.
It regear mei him droegen fiele troch it meilibjen en de foarbea fan mannichien yn ús lân.
Lêze: Jesaja 42:1-4
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje