Doarpsargyf Easterein op ynternet
Resint ferskynd
It doarp Easterein (SWF) is yn 2022 begûn mei it opsetten fan in online doarpsargyf. It argyf wurdt boud mei it Erfgoed-CMS fan it bedriuw DeeEnAa út De Jouwer. Dat bedriuw begûn mei it CMS yn neifolging fan Doarpswurk, dat earder ophold mei it bieden fan in doarpsargyf-systeem.

Boarne: DeeEnAa, online City- en Regiomarketing
It nije doarpsargyf omfiemet alle funksjonaliteiten dy’t in doarp nedich hat om alle soarten fan ynformaasje en media soarchfâldich te dokumintearjen en te publisearjen. It doarpsargyf lit yn haadlinen ynformaasje sjen oer gebouwen, strjitten, minsken, eveneminten, ferieningen, bedriuwen, tsjerke en ûnderwiis.
Yn it doarpsargyf fan Easterein stiet al in skat oan ynformaasje, mar der komt noch folle mear by. Benammen de grutte samling fan âlde foto’s makket fan it doarpsargyf in prachtige webside om wat yn om te strunen. Alde films sille sa gau mooglik taheakke wurde. Unyk oan it argyf is dat alles oaninoar keppele wurde kin. Op dy manier binne maklik alle foto’s te finen mei in spesifike persoan, in spesifyk gebou of barren.
It doarpsargyf wurdt ynfolle troch fiif entûsjaste frijwilligers. De frijwilligers dogge it grutste part fan har wurk fan hûs út, mar se komme ek geregeld byinoar om te praten oer fragen dy’t opkomme of nije stappen dy’t nommen wurde moatte. Neffens frijwilliger Jan Hiemstra is it in grutte put wurk om it argyf op te setten, mar oan de oare kant is it nei syn miening nijsgjirrich wurk dat in tige soad foldwaning jout. Boppedat wurdt sa tefoaren kommen dat der in soad kennis en histoarysk ynsjoch foar kommende generaasjes ferlern giet.
De webside fan it doarpsargyf is te besjen op easterein.argyf.nl. Doarpen dy’t ek ynteresse hawwe foar it bouwen fan in online doarpsargyf, kinne terjochte op de webside fan it bedriuw DeeEnAa op ‘e Jouwer. Dy webside is te finen op www.deeenaa.nl.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje