De wolf en de skiep (ferhaal)

febrewaris 11, 2023 10:00

Boarne: Wikimedia Commons/Lubman04 CC BY-SA 4.0

De wolf rûn foar de safolste kear mei de honger yn ’e hals. En doe seach er oan ’e râne fan ’e bosk twa fette rammen rinnen. In keppel skiep mei lammen rûn op ’e oare ein fan it lân. Hy slûpte út ’e bosk wei en hy naam dy rammen yn ’e besnijing. Doe sei ien fan ’e rammen tsjin him: “Dit is al wat in sneu gefal. Wy soene krekt om ’t hurdst tsjininoar rinne, en no krigesto ús!” Se praten wat hinne en wer en doe sei de wolf: “Ei no, rin dan mar om it hurdst nei de oare ein ta. Ik sil wol skiedsrjochter wêze, en dy’t it lêst werom is, dy fret ik fuortendaliks op.” De rammen seagen inoarren ris oan, mar se giene der dochs op yn – it betsjutte yn alle gefallen útstel fan eksekúsje.

De rammen kamen op ’e oare ein by de skiep. De âlde skiep waarden breinroer doe’t se dat hearden fan dy wolf, want se tochten, aanst snapt er ús lammen ek. Dat se stoarmen mei-inoar yn in tichte kloft op ’e wolf oan. De beide rammen derefter oan, mar dy koene lang sa hurd net, se wiene modderfet en gau efter de pûst, wylst de skiep ôfdronken wiene.

De wolf slikke him al om ’e bek, want hy tocht, no haw ik it foar ’t útsykjen. Mar dat bruts him soer op. De skiep hiene stevige hoarnen op ’e kop; se sprongen him mei-inoar fan alle kanten op ’e bealch en hompten en stompten him wat se dwaan koene. Dy besocht derút te kommen, mar de skiep hiene him ynsletten en raamden krekt salang oant er dea op it lân lei. Dat wie in ôfskrik foar de oare wolven, want dêr gie praat fan yn ’e wolvebuorren. Sadwaande lieten se dêr tenei de skiep gewurde.

Ype Poortinga

Dit ferhaal is, mei skriftlike tastimming fan de erfgenamten fan de skriuwer, oernommen út Ype Poortinga, De held en de draek, folksferhalen fan Roel Piters de Jong. Dat mânske boek waard – ûnder auspysjes fan de Fryske Akademy (nr. 537) – yn 1978 útjûn troch Bosch & Keuning nv, Baarn en De Tille bv, Ljouwert. It is it tredde diel fan de rige Fryske Folksferhalen dêr’t de skriuwer Ype Poortinga (1910-1985) ferhalen yn neifertelde dy’t er ‘yn it fjild’ opfongen hie.
Ien fan syn fertellers wie Roel Piters de Jong, berne yn 1905 te Ousternijegea, in man mei in ôfgryslik goed ûnthâld, dêr’t Poortinga 154 ferhalen fan yn De held en de draek opskreaun hat.
febrewaris 11, 2023 10:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.