De stimstipers binne der wer

febrewaris 20, 2023 09:24

Meidat der op it heden wakker redendield wurdt yn de maatskippij oer saken dêr’t provinsje en wetterskippen it foech – of in part derfan – oer hawwe, falt der by de oankommende ferkiezingen foar dy bestjoerslagen moai wat te kiezen. En gjin niget dat alle baarnende maatskiplike kwestjes werom te finen binne yn de stimstipers: stellingen dêr’t in stânpunt oer ynnommen wurde moat, geane bygelyks oer wynmûnen, sinneparken, de Lelyline, wentebou, gas- en sâltboarringen, it grûnwetterpeil, natuerynklusyf buorkjen, de wolf en gean sa mar troch.

De stimhelpprogramma’s binne sûnt in deimannich wer beskikber. Der kin mei in skowerke oanjûn wurde yn hokker mjitte men it mei in stelling iens is. De mieningen fan de ûnderskate politike partijen binne oan te klikken en men kin jins miening ek streekrjocht ferlykje (sjoch de ôfbylding). Tige brûkersfreonlik allegearre, ornearret de redaksje fan It Nijs. De stimstipers binne der foar Provinsje en Wetterskip Fryslân allikegoed yn it Frysk. By dy fan it Wetterskip wurde faktermen boppedat útlein as men derop klikt.

Klik hjir foar de beide Frysktalige stimstipers:

Provinsje Fryslân

Wetterskip Fryslân

febrewaris 20, 2023 09:24
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.