De slieptrein komt stadichoan werom yn Europa
Resint ferskynd
Nei’t it der jierrenlang minder waarden, komme der no just hieltyd nije nachttreinferbiningen yn Europa by. Dútslân spilet fanwegen de lizzing in sintrale rol yn it netwurk, mar der moat noch wol wat oan it spoarweinetwurk barre.

Foto: Wikipedia/Randwick – CC BY-SA 3.0
De Tsjechyske spoarweimaatskippij ČD biedt sûnt ein ferline jier wer nachtreizen oan tusken Praach en Zürich en it Sweedske SJ rydt tusken Hamburch, Kopenhagen en Stockholm. Wierskynlik it aktyfst is de Eastenrykske ÖBB, dy’t de Nightjet mei ferskate ferbiningen útwreide hat nei ûnder mear Italië, Hongarije, Slovenië en Kroaasje. De Dútske treinmaatskippij Deutsche Bahn, besleat just yn 2016 om hielendal gjin nachttreinen mear ride te litten mei’t der te min gebrûk fan makke waard. Sûnt hat foaral de Eastenrykske spoarweimaatskippij wer foar oanwaaks yn Europa soarge. Dy biedt hieltyd mear ferbiningen oan en lit ek nachttreinen meitsje. Sûnt binne der fan jier op jier hieltyd mear nachtreizgers.

Foto: Wikipedia/Randwick – CC BY-SA 3.0
Dútslân, dat it grutste spoarnetwurk fan Europa hat, is kwa lizzing noch hieltyd krúsjaal foar in protte rûten dwers troch Europa. Mar dêr hawwe nachttreinoanbieders it net maklik. Sa binne de kosten foar it gebrûk fan it spoar dêr relatyf heech. In treinmaatskippij is allinnich dêr al likernôch in fearn fan de kaartsjesynkomsten oan kwyt. Tagelyk is it spoar ferâldere en oerbelêste. De grutte stasjons yn Hannover, Keulen en Hamburch binne struktureel oerbelêste. En de trajekten derhinne besteane faak mar út twa spoaren, wat net foldwaande is. De grutste útdaging wie it om spoarweinen te finen. No’t nachttreinen wer populêr wurde, is dêr ynienen krapte oan. Dêrfoar liket no just yn Dútslân in oplossing fûn te wêzen. It materieel dêr liket yn oarder te wêzen.
Fierdere plannen binne dat de trein nei Berlyn úteinlik nei Praach trochgiet. Oanbieders fan sliepreizen wolle nije rûten tafoegje. In projekt fan de Nederlânk-Belgyske treinkoöperaasje European Sleeper foar in nachttrein tusken Amsterdam en Barcelona is ûnderwilens útkeazen foar ien fan de tsien proefprojekten dy’t de Europeeske Kommisje stipet. Dat smyt gjin jild op, mar wol de nedige stipe yn Brussel.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje