De preekstoel foarby (gedicht)
Resint ferskynd
Nei oanlieding fan ús oprop om kreative bydragen krigen wy dit gedicht tastjoerd. Mear gedichten en ferhalen binne fan herten wolkom op ynfo@itnijs.frl. Redaksje It Nijs

Foto: pixabay.com
De preekstoel foarby
De dûmny, nee, dat wie mar neat,
net mear as in orearjend preek-mirakel.
Yn tsjinljocht dan ek noch.
Hy soe my wier net
troch syn wurden stichte,
de sneinske kofje drinke litte.
Doch siet ik net foar neat yn tsjerke:
troch ‘t hege finster seach ik,
yn V-foarm,
de guozzen nei it noarden fleanen.
Dat wie de Geast dy’t seit:
It tsjuster giet foarby,
en ienris sil it ivich maitiid wurde.
Inger Wets
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje