‘De letterfretter’ is it nijste berneboek fan Lida Dykstra

febrewaris 4, 2023 09:39

By de Afûk is ferskynd: De letterfretter fan Lida Dykstra. Yn dat berneboek is de skriuwster oan ’e slach gien mei alle lûden dy’t yn de Fryske taal foarkomme. Elk lûd hat syn eigen gedicht dêr’t it lûd sa faak mooglik yn foarkomt. Yn it boek steane 47 gedichten, fol taalrykdom en humor, mei de moaiste Fryske wurden. De prachtige yllustraasjes binne fan Berber van den Brink.

Boarne: Afûk

“De letterfretter is in draakachftich bistje dat altyd en oeral op syk is nei letters. Hy is foaral sljocht op lûden (klinkers), sa as de Â, de OA en de EA. Fia de letterfretter learst boartsjendewei alle Fryske lûden. De letterfretter is foar elkenien (0-110 jier) mei niget oan taal.”

Oer de auteur
Lida Dykstra skriuwt berneboeken yn it Nederlânsk en it Frysk en hat in lange list fan prizen en nominaasjes yn ’e wacht sleept: yn 2022 wie se nominearre foar de Woutertje Pieterseprijs en de Boon (Flaamske literatuerpriis) foar De schaduw van Toet en yn 2007 wûn se de Simke Kloostermanpriis foar Lederwyntsje, bern mei krêften.Yn 2022-2023 wie Lida berneboeke-ambassadeur yn Fryslân en hat se yn dy funksje tal fan skoallen besocht en bern entûsjast makke om Frysk te lêzen. Se wie ek aktyf as Skoalskriuwer. Sy wit dan ek as gjin oar wat bern oansprekt en wêr’t se tsjin oanrinne by it lêzen. Mear ynformaasje oer Lida Dykstra is te finen op www.lidadijkstra.nl.

Oer de yllustrator
Berber van den Brink (1982) wurket as yllustrator en grafysk ûntwerper. Nei har opliedingen dosint byldzjende keunst & foarmjouwing en kommunikaasje & multimedia-ûntwerp is se fyftjin jier lyn mei har eigen studio begûn. Har wurk is kleurryk en konseptueel, grafysk en/of teätraal, mei humor. Mear ynformaasje is te finen op www.berbervandenbrink.nl.

Boekgegevens
De letterfretter | Auteur: Lida Dykstra | Yllustrator: Berber van den Brink | Utfiering: hurd kaft | ISBN: 978 949 3318007 | Tal siden: 120 | Ferkeappriis: € 18,99

Boarne: Afûk

febrewaris 4, 2023 09:39
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.