Dat Fries met die verrekte ‘k’ (Frysk)
Resint ferskynd
Skôging
Ferline jier juny hie ik yn ferbân mei syn ôfskied oan de Grinzer universiteit in fraachpetear mei Goffe Jensma. Dat petear stie yn it lêste nûmer fan DE NIJE, dat yn desimber útkaam.
Pier Bergsma
“Fertoarke studinten bloeiden by ús wer op” (side 50 o/m 54).
Yn dat petear kamen wy ek te praat oer syn plannen foar de takomst. Ien fan de saken dy’t er doe neamde, wie de oankundiging fan syn nije boek Exit Fryslân. Dat boek is der ûndertusken en yn haadstik 16 ‘Exit Frysk! De universiteit en het Fries’ giet Jensma wiidweidich yn op de fraach: “Hoe kan het dat juist tijdens mijn professoraat de enig overgebleven hoofdvakstudie Fries in Nederland ophield te bestaan?”.
Hy neamt it sels in ‘casestudy’ en hy sketst hoe’t fan it Frysk yn Grins úteinlik troch de ‘verbreding’ neat oerbleau. Dat wie mei ûnder druk fan kolleezjefoarsitter Jouke de Vries dy’t desimber 2020 sei: “Dat Fries met die ferrekte ’k’ (Frysk), daar moeten we in verbreden.”
Ik sitearje in pear konklúzjes út it lêste haadstik: “Uiteindelijk ligt de zaak simpel. In een model van internationale competitie zoals dat in de wetenschap en in de Nederlandse samenleving tegenwoordig prevaleert, gaat zoiets als ‘Fries’ uiteindelijk natuurlijk nooit overleven. (…)De ironie is dat het ‘Fries’ in het weggaan zo toch zijn nut bewijst, namelijk als een soort academische seismograaf. Geen ander vak aan een Nederlandse universiteit neemt zo goed en zo vlug op kosten van de overheid de bevingen waar die door een ander deel van diezelfde overheid worden veroorzaakt” (side 289).
Exit Fryslân. Plaats, taal en verbeelding in Friesland (1800-2022)
útj. Noordboek, 2022.
Priis € 27,50
Ik bin fan doel om in oare kear werom te kommen op dit boek. Foar de folsleinens nim ik it part oer de Frisistyk út DE NIJE fan desimber nochris op:
De takomst fan de Frisistyk
“De universiteit en de takomst, freegje jo. Ja, dat is wol wer in hiel oar sjapiter, pynlik ek. Yn de fjirtjin jier dat ik yn Grins sitten haw is der hiel wat feroare en foar it Frysk net posityf. It wie algeduerich in striid. De universiteit is yn dy snuorje feroare yn in spikerhurde multinational. It draait meast om jild en dus om grutte opliedingen mei in soad studinten. Dy wurde hieltyd mear út it bûtenlân oanlutsen. Dêrtroch wurdt de fiertaal ek hieltyd mear Ingelsk. Bestjoerders fine dan it Frysk te lyts, beskamsume lyts sels, foar harren grut en moai bedriuw.
Fan it begjin ôf oan haw ik besocht om it Frysk better ta syn rjocht komme te litten troch te ferbreedzjen en mei te gean yn dy ynternasjonalisearringsbeweging en tagelyk it Frysk krêftiger del te setten. It earste slagge my wol, it twadde waard, nettsjinsteande de wil en ek de finansjele stipe fan de provinsje en it ryk, troch de universiteit bikkelhurd opkeard. It is spitich dat ik mei dat foarútsjoch de doar efter my tichtdwaan moast.* De universiteit wol it Frysk net mear, dat wol sizze: yn namme sille se wol wer in nije heechlearaar beneame, mar dat dy noch lieding jaan sil oan in selsstannige, werom te kennen oplieding Fryske taal en kultuer, dat is útsletten.
Ik fyn it teloarstellend dat de polityk dêr de universiteit yn gewurde litten hat. It provinsjebestjoer hat soarchplicht foar it Frysk en foar alle ûnderwiis yn en oer it Frysk en dêr hat ek de universiteit him formeel ûnder del te jaan. Mar troch de provinsje ôf te snuterjen en te skouderjen binne de universiteitsbestjoerders dermei weikommen om it Frysk út te driuwen. My hat dat it gefoel jûn dat ik mei in opdracht it fjild ynstjoerd bin dêr’t gewoanwei net oan te foldwaan wie.
* Yntusken makke de RUG bekend dat se gjin heechlearaar fine kinnen hiene en dat se dêrom in UD oannommen hawwe, in meiwurker fan de Fryske Akademy. Ik frege Jensma telefoanysk nei syn miening.
Jensma: “It is net om Anne Merkuur, mar dizze gong fan saken is by de gatten om ticht. De universiteit stjoerde mei in protte jûchhei berjochten oer de beneaming de wrâld yn. ‘Wat in moaie takomst hawwe wy hjirmei skepen – in jonge wittenskipper mei talinten om letter professor te wurden!’ Mar de efterkant fan dy blide dream is dat de foltiids-heechlearaarsposysje ferdwûn is en dat der foar twa dagen yn ’e wike in junior taalkundige foar yn it plak komt dy’t harsels earst noch bewize moat. De oerheidssubsydzje bliuwt, foar safier’t ik begrepen ha, lykwols op itselde hege peil. Dat spultsje hat dus ien winner – de Ryksuniversiteit Grins – en folle mear ferliezers: de Provinsje Fryslân, it Frysk en de Fryske taalmienskip. Sa’t it sa faak giet: de winst oan jild foar de ien, is ferlies oan ideaal foar de oar.”
It lêste nijs: De Ryksuniversiteit Grins hat prof. dr. Arjen Versloot oansteld as ynterim-heechlearaar Fryske taal en kultuer. Hy folget dêrmei Goffe Jensma op.
Dat sil net maklik gien wêze.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje