Buorrelpraat oer deaslach
Resint ferskynd
Skôging fan Tjalling van der Goot

Tjalling van der Goot (eigen foto)
It is wer ferkiezingstiid. Dat is te merken. Sels de grutste partij ûntkomt net oan populisme. Dat skeint in betrouwen yn de rjochter, it strafproses en de rjochtssteat. Skealik dat politisy stimmen besykje te krijen troch it ûnderliif oan te sprekken. In moasje fan ûnfrede wat my oanbelanget. Wat is der oan de hân?
Op deaslach stiet in maksimum finzenisstraf fan fyftjin jier, op moard in tydlike finzenisstraf fan tritich jier (en oars sels libbenslang). It ferskil tusken deaslach en moard is dat by moard willemoeds in libbensmisdriuw begien wurdt. Dêr is net perfoarst needsaaklik foar dat in plan betocht is, wol is it in eask dat de dieder by syn misdriuw neitinke koe oer de gefolgen fan syn died. By deaslach giet it foaral om in died yn in opwâling. Sa gau as deaslach yn kombinaasje mei in oar strafber feit begien is, kin trouwens deselde straf oplein wurde as foar moard, de saneamde kwalifisearre deaslach. En as deaslach begien is wylst noch gjin fiif jier ferrûn binne sûnt in eardere feroardieling foar in soartgelikens delikt, is de maksimum straf tweintich jier.
De VVD pronket no mei te sizzen dat de maksimum straf foar deaslach nei fiifentweintich jier giet. Op de webside fan de VVD stiet dêr bygelyks oer: “We doen wat nodig is om Nederland veiliger te maken.” Yn in filmke seit de VVD-minister fan Justysje en Feiligens Yeşilgöz-Zegerius dat deaslach ta ien fan de dreechste strafbere feiten rekkene wurde moat. “De huidige maximale straf voor doodslag van vijftien jaar doet daar geen recht aan. En dat betekent ook dat de straffen voor moord en doodslag dichter bij elkaar komen. En dat is terecht. Omdat het delicten zijn die op elkaar lijken. Moord is immers doodslag met voorbedachten rade.”
Wêr moat ik begjinne mei soksoarte fan ûnsin?
Yn it foarste plak binne deaslach en moard wis wol ferskillend. It makket nochal út oft ien út emoasje in oar earnstich mishannelet dêr’t dy oar troch ferstjert (deaslach) of dat ien yn koelbloedigens in oar likwidearret (moard).
Dêrneist sit yn it foarstel om de straf foar deaslach op te heegjen in gefoel dat de rjochter him beheind fielt om hegere straffen út te dielen omdat dat neffens it hjoeddeistige strafmaksimum net kinne soe. En dat de maksimale straf foar deaslach om dy reden “gjin rjocht” docht. Yn 2019 is troch it WODC (Wittenskiplik Undersyks- en Dokumentaasjesintrum) in ûndersyk útfierd dêr’t in analyze by makke is fan de rjochtspraak yn saken oer moard en deaslach sûnt 2006. Dêr binne alle feroardielingen foar deaslach by besjoen, oant dat momint 688 útspraken. As wy witte dat de maksimumstraf foar kwalifisearre deaslach libbenslang is, dat nei in feroardieling foar mear strafbere feiten yn ferbân mei gearrin maksimaal tweintich jier oplein wurde kin en dat nei it werheljen binnen fiif jier nei in feroardieling foar in soartgelikens delikt ek tweintich jier oplein wurde kin, dan is it nijsgjirrich om te sjen hokker straffen foar inkeldfâldige deaslach oplein binne. Ik bin trije (!) útspraken fan rjochters tsjinkommen yn dizze perioade fan fjirtjin jier dêr’t de rjochter de maksimale straf foar deaslach yn útsprutsen hat. Trije (út 2011, 2016, 2017) op in totaal fan folle mear. Om dêrop te basearjen dat de maksimum straf gjin rjocht docht, sa’t de VVD úthâldt, is der fier by troch. In politikus ûnweardich. Ik neam dat symboalpolityk. Ut neat docht bliken dat de rjochter mei de hjoeddeistige maksimumstraf fan fyftjin jier net út de fuotten kin. Ut de hjirfoar oanhelle útspraken dêr’t wol de heechste straf yn oplein is, docht ek gjin bliken fan oerwagingen dat de rjochter eins noch swierder straffe woe, mar him beheind fiele soe troch it wetlik (te lege) strafmaksimum. Unsin dus wat de politisy beweare.
As bliken docht dat rjochters yn deaslachsaken harren prima rêde mei de straffen, wêrom moat dy straf dan omheech? Ik tink it te witten. Dat soe bêst te krijen hawwe kinne mei ús klimaat dêr’t de rop om hurder, swierder en stranger wolris yn wurdearre wurdt mei stimmen fan kiezers. Dat komt yn ferkiezingstiid moai út. De nuânse is faak poater. Dat docht mar wer ris bliken.
Dêr komt by dat in opmerking lykas ‘hjir meitsje wy Nederlân wer in stik feiliger mei’ foarbygiet oan it feit dat it by deaslach just giet om in opwâling en net om rêstich en kalm neitinken. In dieder dy’t yn in swiere opwâling fan it moed hannelet sil – oars as miskien by moard – dus ek net stilstean by de maksimale straf dy’t op syn oansteande hanneljen stiet. De hichte fan de straf hat dus neat te krijen mei de feiligens.
As lêste kin ik der net om hinne dat healwei 2021 de regeling om nei in finzenisstraf ûnder betingst frij te kommen (de saneamde VI-regeling) al bot yn it neidiel fan feroardielden oanpast is. Foarhinne waard in feroardielde nei twa tredde fan de straf ûnder betingst frijlitten, no is de tiid fan dizze frijlitting beheind ta twa jier. De hjirfoar oanhelle ta de heechste straf foar deaslach fan fyftjin jier feroardielden, kamen dus gewoanwei (útsein slimme misdragingen) na tsien jier frij. No komme dyselde feroardielden foar itselde misdriuw en mei deselde feiten en omstannichheden pas nei trettjin jier frij. In ienfâldige ferswierring fan trije jier, sûnder dat it strafmaksimum ferhege is. En noch is dit net genôch.
Fansels, eltse deaslach is der ien te folle. It leed by neibesteanden is grut, mar dat sil dochs los stean fan de juridyske kwalifikaasje fan it strafbere feit en fan de op te lizzen straf. It leed wurdt dêr net oars fan. De ferkiezingsretoryk is yn myn eagen ‘populistyske spierballetaal’ dy’t ôfbrek docht oan de soarchfâldigens fan it wetjouwingsproses. Spitigernôch hat de Earste Keamer dizze wike it wetsfoarstel oannommen. Dochs hoopje ik dat nei de ferkiezingen de rede weromkomt. It paad fan ‘strang, stranger, strangst’ moat in einpunt hawwe. Wraak as komponint fan in straf moat net trochslaan. It freget in rjochte rêch om ek fertochten foar wa’t immen net in protte begryp hat net de dupe wurde te litten fan de hieltyd oanwêzige populistyske rop om hurdere en dregere straffen.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje