Briefkje oer taal (54)

febrewaris 28, 2023 08:00 Fernijd

Ed Knotter reagearret op Jan Breimer syn lêste brief (sjoch hjir).

Bêste Jan,

it is mar goed dat dy Jutmis net hillich ferklearre is; dat hie in ivich fersin west. Mar der sit miskien dochs wat hillichs oan dat ferhaal. Der wurdt wol sein dat Jut of Jutte in ferbastering is fan Judith en de nammedei fan dy hillige is 17 augustus. In oare útdrukking om in dei yn de takomst oan te tsjutten, dy’t foar ’t neist nea komme sil, is ‘as de keallen op it iis dûnsje’. Dat sil op 17 augustus net gau it gefal wêze. (It is betiizjend dat Sint-Jut in fariant is fan Sint-Jânsgea, mar yn dy plaknamme hat Jut neat mei Jutmis te krijen). Sawol de hillige sels as de jier- of nammedei is Sint-Judith. Sa wurde Sint-Piter, Sint-Steffen, Sint-Hubertus, neam mar op, allegearre skreaun mei twa haadletters en in keppelstreekje. Sint-Nikolaas hat him op folksaardige wize ûntjûn ta Sinteklaas en ferliest sels syn haadletter as it om in plakferfanger giet of om in ôflieding of gearstalling (sinteklaazje/sinteklaasfeest). Men soe tinke dat de e yn ’e midden in ferbiningsletter is. Mar oan Sinte-Marten is te sjen dat Sinte in fariant is fan Sint (yn it Frânsk saint en sainte). En ja, sa kenne wy ommers ek Sinte Servaas, Sinte Brandaan en Sinte Marten. Ik brûk hjir efkes net it keppelstreekje, want wêrom soe dat moatte. By kening Karel, of admiraal Tsjerk Hiddes hoecht dochs ek gjin streekje? Ik bin it mei dy iens dat yn plaknammen mei Sint wol wat mear standerdisaasje komme mei, mar dat streekje is om my net perfoarst needsaaklik.

In plaknamme dy’t mei it boppesteande anneks liket, is Stynsgea (Holl. Augustinusga). Augustinus wie ek in hillige, dat de St oan it begjin soe fan Sint komme kinne. Sa is it lykwols net, want yn it prachtige boek fan Pieter Duijff Der dy namma fan heten is lês ik dat Styns in ferkoarting is fan Stinus en dat is wer in ferkoarting fan Augustinus. Hiel logysk fansels. Net logysk, en dat is faak te hearren, is de útspraak fan de y as twalûd. Mei Stiensgea wurdt blykber in relaasje lein mei Stiens, mar in relaasje mei de namme fan dat klaaidoarp is der net.

Dyn moaie analyze oangeande plakfine en úteinsette tsjut op in fynbeslipe foarm fan ynterferinsje. It seit ek in protte fan dyn taalkompetinsje, it mei ferdrach brûken en mei sin skôgjen fan taal. Dat is yn myn eagen wat eltse bewuste taalbrûker dwaan moat. Dyn opmerking dat fine by sykje heart, hat yndruk op my makke, want sa hie ik dat net earder besjoen. Dat wy fan fan alles wat fine en sels fine moatte, der in miening oer hawwe (moatte), heart net sa Frysk, mar ik begryp no pas goed wêrom. Fynst dat net nuver, Jan? Foar ‘wat fynst derfan’, kin ik ek freegje ‘Wat seist derfan’. Ynterferinsjes hawwe wy dus gjin ferlet fan, mar ynfloed fan oare talen kin ek in oanfolling op de eigen taalrykdom wêze. Fan oarmans wurdskat liene, hoege wy net altyd te mijen.

It wurdt wat oars as wy flaters fan in oar oernimme: ‘De útstalling iepenet…’ is raar sizzen, mar dat is it yn it Hollânsk mei ‘de tentoanstelling opent’ ek. ‘It boek iepenet mei in beskriuwing fan it lânskip’ moat nei myn betinken ‘De skriuwer iepenet it boek mei…’ of ‘It boek wurdt iepene mei…’ wêze. Trochdat it wol dúdlik is wat de skriuwer bedoelt, liket dy taalfersmoarging maklik akseptearre te wurden. Ik bin lykwols fan betinken dat we soks salang mooglik mije moatte, en lit ús ûnderwilens oaren op moai en minder moai taalgebrûk opmerksum meitsje.

Dan wol ik dy noch eat foarlizze dat minder taalkundich fan aard is. It giet mear om de skriftlike presintaasje. It falt my hieltiten faker op dat de ampersand (&) brûkt wurdt op plakken dêr’t it neffens my net heart. Dat teken (&) is in ligatuer, d.w.s. in gearstalling fan twa letters. Yn dit gefal de e en de t (et) mei de betsjutting ‘en’. Dat wurdt faak brûkt yn bedriuws- of produktnammen: Vroom&Dreesman, C&A, Foppen&Scheer, M&M’s om mar in stikmannich te neamen. Mar no sjoch ik geregeld teksten mei dat teken, wylst gewoan ‘en’ bedoeld wurdt. Soms sels tusken twa sinnen. Dat docht my nuver oan; it wurd ‘en’ wurdt dochs ek net troch in plusteken (+) ferfongen?

Mei freonlike groetnisse,

Ed

febrewaris 28, 2023 08:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.