Briefkje oer taal (53)

febrewaris 21, 2023 08:00 Fernijd

Jan Breimer reagearret op Ed Knotter syn brief (sjoch hjir)

Bêste Ed,

Earst mar efkes trochgean op plakfine, steefine ensafuorthinne.
Hawwe wy wol ferlet fan hollanismen as plakfine, pleatsfine en pleatshawwe? Wy kinne ús dochs skoan rêde mei wêze en hâlde? Sjoch mar: ‘It ôfskied sil tiisdei om healwei trijen wêze’, ‘Wy hâlde de resepsje op 18 maart, 20.00 oere’, ‘De gearkomste is op 1 maart yn It Wapen fan Bokwert en begjint om 19.30 oere.’

Der sitte yn plakfine en steefine twa eleminten dy’t my tsjinsteane: (1) plak (of stee) wize op in lokaasje en net op in tiid en (2) fine heart by sykjen. Fansels, der is socht om in gaadlik plak en in gaadlike tiid, mar as ik sis dat in begraffenis plakfine sil, sis ik winliken dat er sels om in plak siket en dat ek fine sil, want yn sa’n sin is de begraffenis it ûnderwerp. Miskien fynst it fier socht, Ed, en bin ik lytsbernich om dat sa te analysearjen, mar ik doch dat omdat ik in wjersin yn plakfinen haw. Is my te amtlik en opdien. Om sa’n gefoel oannimlik te meitsjen moat ik mei arguminten komme. Dêrom dy analyze.

Sa giet it my ek mei úteinsette. Der binne minsken dy’t leaver net it wurd begjinne brûke. Ik tink dat se dat te Hollânsk fine. Uteinsette liket dan in goed alternatyf te wêzen. Dat kin wol, mar dan moatte se wol betinke, wa’t úteinset. By ‘de útstalling set op freed útein’ liket it wol as rêdt dy útstalling dêr sels mei en hoecht der gjin minske oan te pas te kommen. ‘Wy sette freed mei de útstalling útein’ is reëler en as de oankundiging troch oaren dien wurdt: ‘Mei de útstalling wurdt freed úteinset’, mar leaver: ‘De útstalling wurdt freed iepene.’ Tsjintwurdich is faak te lêzen ‘De útstalling iepenet freed.’ Dêr wurdt ek wer mei suggerearre dat er himsels iepenet.

Boarne: Wikipedia Commons, CC BY-SA 3.0

Sint-Piter of Sint Piter?
Op de dei dat dizze brief publisearre wurdt, wurde yn Grou Sint Piter en syn feint Aldemar (as âldemar út te sprekken) útswaaid. Of moat it Sint-Piter (mei in keppelstreekje) wêze?
Neffens de Fryske en ek neffens de Nederlânske staveringsregels komt nei Sint altyd in streekje as it oan in namme keppele wurdt. Dus Sint-Piter, Sint-Piterfeest, Sint-Pitertsjerke en Sint-Piterliet.
Yn plaknammen ek: Sint-Anne, Sint-Jabik, Sint-Jânsgea en Sint-Nyk. Dêr binne de ynwenners fan dy plakken en de bestjoerders it net altyd mei iens. Op https://www.metatopos.eu/almanak.html#s is te lêzen dat de gemeente Waadhoeke de skriuwwizen St.-Annaparochie/Sint-Anne en St.-Jacobiparochie/Sint Jabik fêststeld hat, en de gemeente De Fryske Marren Sintjohannesga/Sint Jânsgea en Sint Nicolaasga/Sint Nyk. As dy gemeenten yn de skriuwwize fan harren eigen plakken al gjin ienheid witte oan te bringen, dan wurdt it foar minsken bûten dy gemeenten wol dreech en skriuw dy nammen sûnder flaters. Foarhinne socht ik it yn foarkommende gefallen hieltyd wer op. Tsjintwurdich hâld ik my oan de algemiene staveringsregel (dus altyd mei in keppelstreekje); wol sa maklik! Yn gemeentehuzen en notariskantoaren hâlde se har fansels wol oan de offisjeel fêstleine skriuwwize.

Oan de Fryske regel moat noch tafoege wurde dat by hillich ferklearre persoanen Sint- ek wol ferfongen wurdt troch Sinte. Dan krije we Sinteklaas en Sintemarten. De hillige dêr’t we lang op wachtsje moatte en dy’t nea komme sil, neame we yn it Frysk sint-jutmis, sa’t we yn de kollum fan Jan Bosgraaf ôfrûne sneon sjen koene. Mei lytse letters, want dy is net hillich ferklearre.

Mei freonlike groetnis,

Jan

 

 

febrewaris 21, 2023 08:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.