Briefkje oer taal (52)

febrewaris 14, 2023 08:08

Ed Knotter reagearret op Jan Breimer syn brief (sjoch https://www.itnijs.frl/2023/02/briefkje-oer-taal-51/)

Bêste Jan,

It iene hellet it oare út. Meindert Bylsma neamt syn boek [Elikser, 2020] in assosjaasjeroman. Miskien hasto dy ek lêzen, hast 250 siden fol mei tinzen dy’t oare tinzen útlokje. Ik hie der wakker niget oan en dy niget (oan ferbinings dy’t jin al redenearjend en skriuwend yn ’t sin komme) sit foar my ek yn ús briefkjen. Men komt soms samar fan it iene op it oare, klearebare assosjaasjes en prakkesaasjes. In wurd as it leau is net libbenskrêftich (sa’tsto ek al skreaudest*), mar wy kenne wol it praat. Dêr soenen wy ek gepraat fan meitsje kinne, al suggerearret it foarheaksel ge- wat negatyfs. It praat of it praten heart my neutraal yn ’e earen. Mar it geleau wol ús net oan, mei troch dy negative lading. Dat bringt my – it iene hellet it oare út – by wurden dy’t mei ge- begjinne. Wurden as gelok, geslacht, getal, gewicht lykje ûnfrysk. Se hawwe dat foarheaksel letter krige, mar dêrsûnder besteane se ek. Noch altyd komme bygelyks getsjûge, of geskiednis net yn it Frysk foar en geleau al hielendal net. Oan ’e iene kant wolle wy wurden dy’t mei ge- begjinne mije, mar oan ’e oare kant kinne wy der net sûnder. Wurden as ûngemurken, of tagedien binne hiel gewoan, ûnmisber faaks. Aldergelokst kinne wy dêr linich mei omgean. As ik wurden mei it foarheaksel ge- yn ’e mûle nim, giet it gauris om wat negatyfs: gedoch, geheister, gedrocht, gedonder. Mar dat jildt minder foar bygelyks gepiel, genifel, geëamel, en hielendal net foar bygelyks gebed, gedicht, gefoel, gefaar, ensfh.

Gewoanwei wurdt de ynfinityf fan in tiidwurd brûkt om in haadwurd te meitsjen (it iten, it brûken, it skriuwen, it rinnen ensfh.), mar mei it praat is fan de stam fan in tiidwurd en haadwurd makke. Dêr binne neffens my net folle foarbylden fan, want ik moat djip dolle om ien te finen. De wil is al in ferkeard foarbyld; it komt wol fan it tiidwurd wolle, mar it is net de stam. En mei it molken hawwe wy te dwaan mei it mulwurd. Miskien is it wurk noch it bêste wat ik sa gau [op dit stuit] betinke kin, mar is dat eins wol de stam fan wurkje? Faaks komt dy noch mear yn ’t sin, Jan.

Plakfine is fansels in hollanisme, mar earlik sein brûk ik it wol gauris. It is yn alle gefal better as pleatsfine. Omdat it wurd pleats in typysk agraryske betsjutting hat, liket elk gebrûk bûten it boerebedriuw al in bytsje nuver. Dat begjint foar my al by wurkpleats, dêr’t ommers gjin boerewurk dien wurd, mar yn de measte gefallen technysk wurk. En sekspleats sil men ek net yn ferbân bringe mei kij of sokssawat.
Wy moatte it dus dwaan mei wurden as plak en stee(d). Yn stee fan plakfine soe steedfine neffens my in normaal Frysk wurd wêze kinne, mar ik haw it noch nea heard. It soe ek steefine wêze kinne, mar ik set der leaver in d yn, om’t steedhâlder dy d ek hat.

*) Gewoanwei brûk ik skreaust, mar omdat de ferlinge foarm skreaudest aktueel is en omdat dy nije ûntjouwing him miskien noch útwreidzje kinne soe, haw ik dy hjirboppe foar de aardichheid (en as ik myn sin sis, foar ien kear) ek mar ris skreaun.

Mei freonlike groetnisse,

Ed

febrewaris 14, 2023 08:08
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.