Briefkje oer taal (51)

febrewaris 7, 2023 08:00 Fernijd

Jan Breimer reagearret op Ed Knotter syn brief (sjoch https://www.itnijs.frl/2023/01/briefkje-oer-taal-50/)

Bêste Ed,

Yn dyn brief fan 31 jannewaris hiesto it oer leauwe en spesjaal oer de fraach wannear’t der wol of gjin n efter komt (leauwen). Fansels ken it tiidwurd leauwe de n-foarm: ‘net te leauwen!’, mar it gie dy derom wannear’t it haadwurd in n as lêste letter hat wannear net.
Soest it mei in oar tiidwurd ferlykje kinne, prate bygelyks. Dêr hearre twa haadwurden by: it praat (‘it praat giet dat…’) en it praten (‘it praten hie gjin nut’). Sa is it tink ik ek mei leauwe; dêr hearre ek twa haadwurden by: it leauwe (dat is wat leaud wurdt, de ynhâld, de lear) en it leauwen (it dwaan, byg. in djip bewoartele leauwen). De ferliking mei it tiidwurd prate liket net op te gean, want as it praat gelyk oan de stam (ik praat) is, wêrom is it dan net it leau? Soe dat net gearhingje mei it feit dat dy foarm ‘it net docht’, net libbenskrêftich is?
Gearstallingen mei it haadwurd leauwe binne byleauwe, brealeauwe, folksleauwe, ûnleauwe, wanleauwe en wûnderleauwe. Soms sil dêr wol in n efter kinne: ‘It byleauwen siet harren yn it bloed.’ Oare gearstallingen: leauwich, leauweardich, leauwensweardich, leauwensbelidenis. Foar dy lêste klinkt ‘belidenis fan it leauwe’ faak wol sa noflik.

Yn de útlis hjirboppe hat it tiidwurd leauwe benammen de betsjutting fan ‘sûnder bewiis foar wier oannimme.’ Dat klinkt nochal swier. Dan tinke we oan de Bibel of de Koran. Wy brûke it wurd lykwols ek yn alderhande oare situaasjes. Wat foarbylden mei tusken heakjes in synonym: ‘Ik leau dat we min waar krije’ (tink), ‘Takomme wike haw ik it leau ik nochal drok’ (mien), ‘Ik leau dy wol’ (fertrou dy wol, nim wol oan dat it wier is), ‘Ik leau dat Geeske siik is’ (tink, ferbyldzje my).

Oan de ein fan dyn brief brochtsto in nijsgjirrich ferskynsel op it aljemint: wistest en seidest, bûgingsfoarms fan tiidwurden dy’t de wurdlist net ken, mar dy’t Fryskpraters spontaan foarmje om útkomme te litten dat de sin (of fraach) yn de doetiid stiet. Seidest wurdt trouwens yn Frysker.nl wol as fariant neamd. Ik ken it proefskrift fan Anne Merkuur net, dat wat ik deroer sis, betink iksels en it kin dus bliken dwaan dat ik de planke finaal misslaan. Dy spontaan ûntstiene bûgingsfoarms wie ferlet fan en se lykje op wol besteande foarms as fytstest, pratest, hoegdest, leardest, om mar in pear te neamen. It soe op de lange doer, as it oan blykt te slaan, wolris legalisearre wurde kinne. Want sa is it dochs: wat yn de praktyk (fan de sprektaal) libbet én sterke arguminten hat, wurdt yn de lear opnommen. As dúdlik is dat fan dy wyldgroei gjin ferlet is en/of de besteande bûgingsfoarms goed foldogge, sil it allinne yn de sprektaal fuortlibje.

Hoe sit it eins mei it wurd ‘plakfine’? As ik op rouadvertinsjes ôfgean is dat in ynboargere Frysk wurd, mar yn de wurdboeken is it net te finen.

Mei freonlike groetnis,

Jan

febrewaris 7, 2023 08:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.