Bywurke: Braziliaanske marine hat spûkskip sinke litten
Resint ferskynd
De Braziliaanske marine wol in ôftanke fleandekskip ta sinken bringe, nettsjinsteande grutte noed en beswieren fan miljeu-organisaasjes en it Braziliaanske Iepenbier Ministearje. It rustige skip fan sechstich jier âld, mei de namme São Paulo, dobberet al moannen om. It mei nearne oanlizze as gefolch fan juridyske problemen en in ynternasjonaal konflikt.

Foarbyld fan in fleandekskip (foto: Wikipedia – publyk domein)
It oarspronklik Frânske fleandekskip út 1963 is sûnt 2000 ûnderdiel fan de Braziliaanske float, mar ûnderwilens wolle de Brazilianen derfan ôf. Plannen om it skip te modernisearjen binne jierren lyn al loslitten en yn 2018 waard de São Paulo bûten gebrûk steld. De logyske folgjende stap soe wêze om it ûnbidige fartúch fan 33.000 ton te slopen, mar dat blykt tige yngewikkeld te wêzen. Lykas safolle skippen út de sechstiger jierren sit it fleandekskip fol mei asbest. Yn de njoggentiger jierren is sa’n 55 ton fan dy kanker feroarsaakjende stof ferwidere, mar der is noch sa’n tsien ton efterbleaun. Dat koe net weihelle wurde mei’t it ûnderdiel fan de skipskonstruksje útmakket. Der sitte ek skealike stoffen yn de ferve, betriedding en brânje-opslach fan it skip.
Net wolkom yn Turkije
Twa jier lyn kaam de São Paulo yn hannen fan in Turksk bedriuw, dat it skip ûntmantelje woe. It fleandekskip gie fan Rio de Janeiro nei Turkije, mar kaam dêr nea oan. Doe’t it yn ’e buert fan de Middellânske See wie, die bliken dat Turkije de fergunning om oan te lizzen ynlutsen hie út freze foar miljeuskea. Dêrnei gie it skip werom nei Brazilië. Yn de Braziliaanske wetters die bliken dat de São Paulo fertize rekke wie yn konfliktearjende regels. Miljeutsjinst Ibama hie ûnderwilens de eksportfergunning ynlutsen fanwegen noed oer asbest oan board en de dielsteat Pernabuco ferbea de São Paulo om oan te lizzen mei it each op de miljeurisiko’s. Lokale havens lieten witte dat it skip net wolkom wie omdat se bang wiene dat it troch de eigener efterlitten wurde soe, mei hege kosten foar de havens as gefolch.
As gefolch fan it skeel swalke it skip de ôfrûne moannen foar de Braziliaanske kust. Oant ôfrûne moanne, doe’t it Turkske bedriuw warskôge net langer oer de middels te beskikken om it skip te ûnderhâlden en drige it op see efter te litten. De Braziliaanske marine hat it doe nei de ynternasjonale wetters brocht. Neffens de marine wie de romp fan de ôftanke São Paulo skansearre rekke. Dêrtroch soe it 266 meter lange skip fêstrinne kinne of sels sinke kinne, waard sein. Braziliaanske sjoernalisten lieten ôfrûne wykein witte dat de marine no fan doel is om it skip mei eksplosiven yn ynternasjonaal wetter sinke te litten, ta skrik fan miljeu-organisaasjes en miljeutsjinst Ibama. It Iepenbier Ministearje – dat ek noed hat oer skea oan it miljeu – besocht fia de rjochter in stokje foar it plan te stekken, mar dat helle neat út.
Dêrmei liket it paad frij foar de marine om de São Paulo op te blazen. Oft dat ek barre sil, is noch net dúdlik. De marine hat noch net op de útspraak fan de rjochter reagearre en yntusken soe in Saûdysk bedriuw him meld hawwe om it ôftanke skip te keapjen en te ûntmanteljen.
Bywurke sneon 4 febrewaris 10.35 oere: De Braziliaanske marine hat it ôftanke fleandekskip São Paulo freedtemiddei sinke litten, nettsjinsteande alle protest fan miljeuorganisaasjes en it Braziliaanske Iepenbier Ministearje. Der is grutte noed oer de skea dy’t it ûnbidige fartúch fan 33.000 ton oanrjochtsje kin oan ekosystemen en it bioferkaat yn see, mar neffens de matine wie der gjin alternatyf mear foar it skip. “It plande en kontrolearre ôfsinken fan it skip is fan ’e middei bard, sa’n 350 kilometer fan de Braziliaanske kust yn ’e Atlantyske Oseaan, yn in gebiet mei in djipte fan sa’n 5000 meter”, skriuwt de marine yn in ferklearring.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje