Bouwe de Boer: De boer op!
Resint ferskynd
Kollum
Trije jier lyn organisearren de santich Fryske enerzjykoöperaasjes sa no en dan in jûn oer enerzjy. Typysk fan dy jûnen dêr’t de manlike 50-plussers (lês 60+) net al te machtich op ôf kamen. Tritich man yn de seal en je hiene it as organisaasje al goed foarinoar.
De lêste moannen is dat wol oars. Sûnt de sichtber waarmere winters, mar benammen de hege prizen foar enerzjy, is der wat feroare. Organisearje in jûn oer enerzjy en foar’t je it witte is de seal te lyts. Ynienen is de opkomst yn trochsneed ûnder de fyftich en bestiet mear as in treddepart út froulju! En dat is fansels wol sa handich, omdat by einsluten de froulju faak útmeitsje oft der wat bart. Lit ús earlik wêze…
Ynformaasje oer waarmtepompen, akwatermy, ynfraread ferwaarming, sinneboilers, grûnboarringen, isolearje mei himp (hennep), elektryske (diel)auto’s…, de groep dy’t dêr neat fan wit, wurdt hurd lytser. Sels oer thúsakku’s en dynamyske stroomkontrakten wurdt op jierdeifeestjes praat as wie it de gewoanste saak fan ’e wrâld. Wat it oprinnen fan prizen al net teweibringe kin. Wy binne sa’t it skynt oergefoelich foar. In gelok by in ûngelok.
Ein jannewaris kamen mear as hûndert ynwenners fan Nes by Akkrum opsetten doe’t in stikmannich Neskers mei it plan kaam om: ‘Nes van het gas af’ mei de wyk sels te bepraten. Mei sa’n opkomst wol de gemeente wol helpe en hawwe de leden fan de wurkgroep fan de enerzjykoöperaasje in fruchtbere jûn. De lokale fraach nei nije enerzjy nimt net allinne yn Nes mar yn in protte Fryske doarpen ta. Aldergelokst komt der ek hieltyd mear oanbod fan nije enerzjy!

Enerzjyjûn feehâlders Raerd. Foto: Freonen fan FossylFrij Fryslân
Begjin febrewaris kamen bygelyks yn Raerd (SWF) tritich feehâlders gear om foarljochte te wurden oer harren kânsen yn de enerzjytransysje. De opkomst wie ûnferwachts heech. Feehâlders wolle graach enerzjy foar harsels produsearje, mar ek foar de buert. Wynmûnen, biogas, enerzjybesparring, sinnedakken…, allegearre opsjes om neist molke ek enerzjy te produsearjen. Foar wa? Presys, foar dy doarpen dy’t dy lokale stroom en gas krekt hawwe wolle.
Wy kinne dus oan ’e slach. Yn Denemarken lizze de foarbylden foar it opkrijen.
Dit is nûmer 74 yn de rige Fryslân – Skjinnerlân
Bouwe de Boer wennet yn Akkrum en is projektlieder fan Freonen fan FossylFrij Fryslân.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje