BNNVARA snein streekrjocht út Fryske bertestêd Piet Paaltjens
Resint ferskynd
Snein 19 febrewaris strykt it reizgjend NPO Radio 1-programma Dijkstra & Evenblij ter plekke (BNNVARA) yn de Fryske haadstêd del, om it dêr ûnder mear te hawwen oer libben en wurk fan dûmny François HaverSchmidt, dy’t yn de njoggentjinde iuw ûnder pseudonym Piet Paaltjes ferneamd waard as dichter.

Sêne út ‘Grauwe hemel’, maaie 2022 (foto: Bote Sape Schoorstra)
De oanlieding is it projekt Grauwe Hemel, oer de Fryske woartels fan de romantyske en swartkomyske dichter en syn tiid yn syn earste gemeente Foudgum. Ein 2021 ferskynde it boek Onder Frieslands grauwe hemel by útjouwerij Wijdemeer en yn maaie 2022 wie der in útferkochte rige lokaasjefoarstelling yn en om de tsjerke fan datselde Foudgum, deunby Dokkum.
Johannes Keekstra, projektlieder en betinker fan Grauwe Hemel, fertelt yn de útstjoering fan snein oan gasthearen Erik Dijkstra en Frank Evenblij wiidweidich oer de ferneamde predikant-poëet, waans widze yn febrewaris 1835 yn Ljouwert stie. It programma is streekrjocht op de radio te hearren fan 20.00 oant 22.00 oere en dêrnei beskikber as podcast.
Mear oer it boek- en teaterprojekt Grauwe Hemel is te finen op www.grauwehemel.frl.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje