Binne Mosk: Amin Maalouf oer geweld en identiteit

febrewaris 16, 2023 19:45

Skôging

De kruisvaarders voor Jeruzalem’ is ien fan de 43 skoalleplaten dy’t Johan Herman Isings tusken 1910 en 1970 skildere foar it skiednisûnderwiis op de – doe noch – legere skoalle. De plaat ferbyldet it belis en de bemastering fan Jeruzalem yn july 1099. Leararen, benammen op kristlike skoallen, fertelden graach oer de betsjutting fan de heldedieden fan de ‘kruisvaarders’. Ommers, sa waard de stêd bewarre foar de wiere leauwigen, de kristenen. Yn ‘e Arabyske wrâld sjogge de minsken mei oare eagen nei de krústochten, sa as te begripen falt.

Skriuwer Amin Maalouf publisearre yn 1983 Les croisades vues par les Arabes, yn it Nederlânsk oerset ûnder de titel Rovers, christenhonden, vrouwenschenners. De kruistochten in Arabische kronieken. Amin Maalouf waard berne yn Libanon yn 1949. Yn 1977, in jier nei it útbrekken fan de Libaneeske boargeroarloch, ferliet er it lân en sette er him yn Frankryk nei wenjen. Hy wie yn april 1975 tsjûge fan it sektaryske geweld op in bus dêr’t 26 Palestijnen by omkamen. Dy oanfal fan wie de direkte oarsaak fan de Libaneeske boargeroarloch, want it regear wie net by steat om de oarder yn it lân te hanthavenjen.

Maalouf sit al jierren yn oer de situaasje yn it Midden-Easten, mar net allinne dêroer. In pear jier lyn, yn 2019, publisearre er Le naufrage des civilisations, oerset as Schipbreuk der beschavingen. It fernuveret him hoe’t it mooglik is dat minsken dy’t oant koartlyn freedsum mei-inoar libben, fijannen faninoar wurde, want sa wie it yn Libanon mei de moslims, de joaden en de kristenen.

Neffens Maalouf moatte wy erkenne dat minsken faninoar ferskille en ferskillende identiteiten hawwe. Dêroer skreau er in pear jier lyn, yn oersetting, Moorddadige identiteiten. Syn wurk is dus aktueler as ea earder. Allinnich troch dat te erkennen en dêr romte oan te jaan, kin yn frede mei-inoar libbe wurde. Neffens him moat dêr al op skoalle mei begûn wurde, mar ik betwivelje oft dat wol genôch is om de grutte ferskillen tusken godstsjinsten en oertsjûgingen te oerbrêgjen. Yn it lêste haadstik fan Schipbreuk… sprekt er de hoop út dat it net gean sil lykas op de Titanic, dêr’t fan tocht waard dat er net sinke koe, mar dy’t fergie wylst it orkest ‘Nearer, my God to Thee’ spile.

febrewaris 16, 2023 19:45
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.