Beurs foar einekoerflechters op sneon 4 maart yn Poppenwier
Resint ferskynd
- Stikken Pier21 wurde opfierd yn Mauritanië en Udine (It.) 0
- Coen Verbraak snein 26 maart yn petear mei keunstneres Els Timmerman 0
- Oersetwedstriid Randy Newman 0
- Dochter bewenner kibboets Frjentsjer kriget bysûndere tekening fan Histoarysk Sintrum Frjentsjer 0
- Belgyske plysje fynt stellen postpakketten werom 0
Sneon 4 maart hâldt de Fryske Feriening fan Einekoerflechters ’De Strampel’ wer in beurs yn Poppenwier. Dêr demonstrearje einekoerflechters harren folkskeunst en litte se de ferskillende soarten einekuorren sjen. Der binne ek oare kreaasjes fan reid te sjen.

Foto: Wikimedia Commons/Agnes Monkelbaan – CC BY-SA 4.0
Einekuorren wurde der yn alle soarten en maten makke. De Strampel hat de ûnderskate kuorren in namme jûn, lykas wetterlânkoer (alhiel fan reid), klaaikoer (fan reid en flaaks), de wylgetienekoer (fan wylgetienen), de toukoer (fan reid en tou of hielendal fan tou). Men kin op de beurs alles te witten komme oer einekuorren. Fansels kinne der ek kuorren kocht wurde.
In prachtige gelegenheid om yn ’e kunde mei dizze âlde folkskeunst te kommen.
De beurs is iepen fan 10:00 oant 16:00 oere. Plak: De Trilker yn Poppenwier. De tagong is frij.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje