Bernewike yn ’e krookjefakânsje yn De Lawei

febrewaris 20, 2023 08:24 Fernijd

De krookjefakânsje stiet by De Lawei yn it teken fan de Kidswike. De bernewike is wer fol mei aardige aktiviteiten.

‘VIER’ (foto: Bart Grietens)

It is diskear ien grutte bisteboel yn De Lawei. Sa wurde ûnder mear de foarstellingen Liegebeesten en de Winter Gruffalo van Meneer Monster spile. De films mei de mûs en de bear Ernest & Celestine en Wil de Krokodil draaie yn de filmseal. Der is in hearlik middeismiel foar bern mei de krokodillesmoothie, fruitrûp en bisten dy’t yn it sop swimme. Der binne de wurkateliers Free running, Body Percussion, en bern kinne nifelje yn û.o. it KidsAtelier en springe op it springkessen yn ’e foyer.

‘Liegebeesten’ (foto: Sanne Peper)

Foarstellingen
Op 1, 2 en 3 maart kinne bern foarôfgeand oan de foarstelling om 13.00 oere nifelje yn de foyer. De ynrin is fergees.

De Dansers – VIER (4+), dûns/jeugd, 1 maart 14.00 oere
Yn VIER meitsje trije spilers in reis troch de seizoenen. Fan de stilte yn ’e winter nei it wûnder fan nij libben yn ’e maitiid, fan simmerske frijheid nei hjerstige romantyk. Ut de muzyk, de beweging en in dekôr dat kear op kear feroaret, groeit in wûnderlik ferhaal.

Theater Sonnevanck – Liegebeesten (7+), jeugd, 2 maart 14.00 oere
Theater Sonnevanck wûn yn ’e ôfrûne njoggen jier sân Zilveren Krekels en twa Gouden Krekels: in unikum yn it jeugdteater. Mei Liegebeesten bringt de groep in opswypkjende, muzikale foarstelling oer in dapper bern dat de wierheid siket, ynspirearre op de animaasjefilm Spirited Away.

Meneer Monster – Winter Gruffalo (3+), toaniel/jeugd, 3 maart om 14.00 en 16.00 oere
Meneer Monster komt mei syn hilaryske bewurking fan it berneboek De Gruffalo yn in spesjale snie-edysje. Dus nim dyn mûtse en moffen mei en genietsje nochris fan de aventoeren fan Muis. Spannende fysike slapstick foar elkenien fan trije jier ôf, mei sniebalfjochtsjen nei ôfrin.

‘De Gruffalo’ (boarne: De Lawei)

Films
Ernest & Celestine: op avontuur in Brabbelland, 28 febrewaris en 1 en 2 maart
Wil de Krokodil, 28 febrewaris en 2 en 3 maart

Wurkateliers
Free running (7+), 1 maart om 10.30 oere
Body Percussion (7+), 1 maart om 11.00 oere
KidsAtelier: meitsje dyn eigen dreambist (5 o/m 8 jier), 3 maart om 10.00 oere.

Sjoch ek op www.lawei.nl/nieuws/541/Kidsweek_in_de_voorjaarsvakantie.

Boarne: De Lawei

febrewaris 20, 2023 08:24 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.