Bernekolleezjes oer feesten fan eartiids en no

febrewaris 3, 2023 08:33

Fan in jierdeifeestje oant Ketikoti en fan karnaval oant Sineesk nijjier: yn Nederlân wurde in protte ferskillende feesten fierd. Mar wat betsjutte al dy feesten eins? Wêrom wurde se fierd, en troch wa? Fan 19 febrewaris ôf ûntdekke bern alles oer feesten yn spesjale bernekolleezjes fan de MuseumJeugdUniversiteit.

Foto: Ruben van Vliet

Op fjouwer lokaasjes yn Ljouwert komme bern yn ’e kunde mei de fieringen dy’t Nederlân ryk is en de skiednis derfan. De lêzingen wurde organisearre troch it Prinsessehof, dbieb, Tresoar en it Frysk Museum. Kaartsjes binne te reservearjen en mear ynformaasje is te finen op www.friesmuseum.nl/mju.

Mei de bernekolleezjes fan MuseumJeugdUniversiteit komme bern op in leechdrompelige wize yn ’e kunde mei de meast útienrinnende ûnderwerpen. Yn ’e maitiid steane de kolleezjes yn it teken fan útstalling Feest!, noch o/m 20 augustus te sjen yn Keramykmuseum Prinsessehof. Ferskate eksperts jouwe antwurden op fragen dy’t mei feest en feesten te meitsjen hawwe. Bygelyks, hoe waard in jierdeifeestje eartiids fierd troch Grykske en Romeinske bern? Kin dyn eigen jierdei in nasjonale feestdei wurde? En hoe fiert men eat dat eins hiel pynlik is? In besite oan de útstalling Feest! is ûnderdiel fan it programma. De kolleezjes wurde ien kear yn ’e moanne holden op snein 19 febrewaris, 19 maart, 26 april en 21 maaie. In kaartsje foar de hiele rige kostet tweintich euro. Kaartsjes foar losse kolleezjes binne net te krijen.

febrewaris 3, 2023 08:33
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.