België set twadde kearnreaktor definityf stil

febrewaris 2, 2023 10:02

Yn België is kearnreaktor Tihange 2 definityf stillein. It is de twadde dy’t stopset wurdt. België hat sân kearnreaktoaren. Fiif dêrfan moatte op syn lêst yn 2025 útskeakele wêze.

Kearnsintralepark Tihange (foto: Wikipedia/Hullie – CC BY-SA 3.0)

It Federaal Agintskip foar Nukleêre Kontrôle (FANC) seach op it útskeakeljen fan Tihange 2 ta. Neffens it agintskip is dat yn alle feiligens ferrûn. “It definitive stillizzen ferrûn krekt as in wenstige útskeakeling foar ûnderhâld”, siet it FANC. “Op emosjoneel mêd wie it lykwols in tige bysûndere stop foar it kearnsintralepark fan Tihange, om’t er de ein fan fjirtich jier eksploitaasje ynlette.” Der folget no in oergongsfaze fan fjouwer jier en dêrnei sil de reaktor ôfbrutsen wurde. Neffens it FANC sil it ûntmanteljen fan de reaktor likernôch fyftjin jier duorje.

Tihange 2 wie de twadde fan de trije reaktoaren yn it kearnsintralepark fan Tihange, yn de provinsje Luik. De reaktor waard yn 1983 yn gebrûk nommen. Njonken yn in park yn Tihange hat België ek fjouwer reaktoaren by it doarp Doel, ticht by Antwerpen. Ein 2021 besleat België om ôfskie fan dy sân reaktoaren te nimmen en op gassintrales oer te stappen. De saneamde ‘kearnútstap’ waard yn it regearakkoart fêstlein. Doel 3 wie ein septimber de earste reaktor dy’t útskeakele waard. Tihange 2 folge no as twadde.

De bedoeling wie dat alle sân kearnreaktoaren yn 2025 tichtgean soene. Mar fanwegen de oarloch yn Oekraïne en ûnder druk fan de hege gasprizen besleat it regear dat twa reaktoaren, Tihange 3 en Doel 4, tsien jier langer iepenbliuwe soene, oant 2035. Al tsientallen jierren is der politike diskusje oer de kearnsintrales. Yn 2012 waarden skuorkes ûntdutsen yn de stielen wanden fan de ûnderwilens útskeakele Tihange 2 en Doel 3. Uteinlik bliek it om saneamde wetterstofflokken te gean, dy’t de feiligens fan de sintrales net yn gefaar brocht hiene, mar it levere de sintrales dochs de bynamme ‘skuorkessintrales’ op. Al yn 2003 besleat it doetiidske kabinet dat kearnreaktoaren âlder as fjirtich jier ticht moasten. Dochs bleaune de sintrales langer iepen by gebrek oan stabile alternative enerzjyboarnen.

febrewaris 2, 2023 10:02
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.