Arjen Versloot oansteld as ynterim-heechlearaar Frysk yn Grins
Resint ferskynd

Arjen Versloot (eigen foto)
Prefester dr. Arjen Versloot wurdt ynterim-heechlearaar Fryske taal en kultuer. Hy folget dêrmei Goffe Jensma op. Dy waard yn oktober mjirkes. De universiteit beneamde earder al in universitêr dosint Fryske taal en kultuer, dr. Anne Merkuur. Dekaan Thony Visser sei doedestiids dat se gjin geskikte gadingmakker fine koe. Frou Merkuur soe yn de takomst heechlearaar wurde kinne.
Jensma, DINGtiid, kommissaris Brok en minister fan Ynlânske Saken Hanke Bruins-Slot lieten harren earder al kritysk út oer dy konstruksje. De provinsje Fryslân en it Ryk betelje mei oan de universitêre oplieding Frysk yn Grins. De Twadde Keamer stimde ferline jier mei 149 stimmen fan de 150 foar in moasje om in heechlearaar Frysk oan te stellen.

De RUG yn Grins (foto: Wikipedia/Fruggo – CC BY 1.0)
Frisistyk
De universiteit seit wiis te wêzen mei de komst van Versloot oan de RUG en dat dêrmei de Frisistyk wer op heechlearaarsnivo ynfolle wurdt. Deputearre Sietske Poepjes stiet efter de beneaming: “Mei syn oanstelling ha wy wer in kundige heechlearaar Frysk oan de RUG.” Versloot is oansteld foar twa dagen yn de wike, foar in perioade fan yn prinsipe fiif jier. Dêrmei soe der genôch tiid wêze moatte foar it oanlûken fan in oare heechlearaar, dy’t oer in pear jier plak ha sil. Versloot is sûnt 2012 heechlearaar Germaanske taalwittenskip oan de Universiteit fan Amsterdam.
Boarne: Omrop Fryslân
Ofrûne moandei tsjinne de Jongfryske Mienskip noch in WOO-fersyk oangeande it heechlearaarskip Frysk by de RUG yn. Lês it berjocht fan It Nijs dêroer.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje