Anne Dykstra: Unfoech praat (16)

febrewaris 15, 2023 08:00 Fernijd

Kollum

Hinnen op nr. 100

Ik soe yn ôflevering 14 mei numéro cent as ferklearring foar nûmer hûndert en de ûnderstelde relaasje mei it Frânske tiidwurd sentir, wat te fier fan hûs wêze, woe immen hawwe. Want, sa waard sein, “op de âlde húskedoarren siet eartiids gjin skoke mei ‘beset’ mar der sieten twa sjochgatsjes op eachhichte om dêr troch te sjen oft der ek ien op it húske siet.

It seit himsels dat it dan maklik is om foar dy twa rûntsjes in ien te setten. En sa is nûmer hûndert ûntstien.” Dat heart men yndied faak as ferklearring, mar yn ’e hjoeddeiske literatuer wurdt dochs numéro cent as ferklearring foar kar nommen. Siet der yn dy húskedoarren trouwens net in hertfoarmige iepening? En wie dy wier bedoeld om der troch te sjen? In ferklearring foar de útdrukking it plak dêr’t de hinnen har net rêde kinne, dy’t yn in earder stikje oan ’e oarder west hat, soe neffens in reagearder wêze dat by fûgels de mige, de stront en it aai allegearre troch itselde gatsje nei bûten ta komme. Soks soe sa yngewikkeld wêze dat in hin him op it húske net rêde kin. De útdrukking eat dwaan dat in hin net kin, oftewol pisje, soe dy ferklearring stypje.

Oare wike woansdei wer fierder

febrewaris 15, 2023 08:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. jangerben novimber 26, 11:07

    Foar Anne Dykstra.
    ûnfoech praat.
    Jierren lyn wie’k ris oan it karwijkjen by in boer,ûnder it kofjedrinken moarns fytste der in man de dyk del. Der ha wy loaie Kees ek sei de boer.Dy man is dochs wol sa loai, hy is noch te beroerd om ôf te skiten, dêrom stjonkt hy troch de bek.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.