Anne Dykstra: Unfoech praat (15)
Resint ferskynd
Kollum
Op ’e troan
Frou S. út W. moast ris wat langer by oerbuorman op ’e stoepe stean as oars, want oerbuorman siet op ’e troan. In keninklike poeper, dy oerbuorman, in absolute hearsker oer syn eigen betegele wrâld. It poept grif hiel oars as op it brilhûs. Poepe op in troan liket my serieus wurk ta, dat je net ôfraffelje om’t der ien by de doar is. Op it brilhûs sitte je, om’t dat soms no ienkear moat en je witte mar al te goed dat je op it lytse keammerke sitte.
Der is my oars gjin minder, allinnich thús, op it húske, en der wurdt oanbelle. Benammen as dat húske, krekt as earder by ús, achter de foardoar sit. Wat moat men dwaan? Fluch, fluch dien wurk meitsje en sjen wa’t der is? Leaver net, want de oanbeller sjocht je dan troch de fitraazje hinne sa fan ’t húske kommen. Ik fyn, men giet de konfrontaasje dan sa raar oan. Stil sitten bliuwe kin ek net, want hy of sy hat grif al lang sjoen dat de lampe yn it húske brânt. Sûnt wy ferhuze binne, haw ik dat probleem net mear, mar yn ús eardere hûs haw ik nei dat akkefytsje mei de doarbeller altyd boppe poept.
Oare wike woansdei fierder
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje