Anne Dykstra: Unfoech praat (14)
Resint ferskynd
Kollum
It húske (6)
Nûmer hûndert
Nûmer hûndert is in bekende namme foar it húske (is dat noch sa?). Dy oantsjutting is ûntstien út de eardere gewoante fan hotels om it húske keamernûmer hûndert te jaan. Eins is it in oersetting fan it Frânske numéro cent, dêr’t in knypeach by makke wurdt nei it Frânske tiidwurd sentir,dat ‘rûke’ betsjut. Keamer 100 is dus it stjonkkeammerke. Datselde stjonkkeammerke wurdt nuverdernôch ek wol bêste keamer neamd.
Yn it wurdboek fan Waling Dykstra (1903) komme wy in ferwizing nei in net al te populêre belestingamtner tsjin. Neffens Walingom betsjut ‘ik moat effen nei de ontfanger’, itselde as ik moat efkes nei it húske. It persoanlike fan ‘e gong nei it húske komt moai út yn in sintsje fan dyselde Walingom: ‘hy giet hwer’t er in oar net stjûre kin’. In ienlingstâl is in stâl foar ien bist, mar ek in namme foar it húske yn it bûthús. Tige kryptysk is wat E.B. Folkertsma yn 1985 oan ‘e wurdboekmakkers opjûn hat: ‘It plak dêr’t de hinnen har net rêde kinne’. Mei de oantsjutting it alderhillichste bringt Smeding yn 1909 it húske op in wol hiel heech nivo. It tal húskenammen komt dêrmei op trijentweintich.
Oare wike woansdei fierder
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje