Anita Terpstra skriuwt Frysk Kadoboek 2023

febrewaris 8, 2023 11:24

Anita Terpstra (Hallum, 1974) skriuwt it Frysk Kadoboek 2023.

Anita Terpstra (foto: Jacob van Essen)

Yn 2009 debutearre Anita Terpstra mei it famyljedrama Nachtvlucht. De thriller levere har in nominaasje op foar de Schaduwprijs, foar it bêste thrillerdebút. Har boeiende boek Samen (2016) waard nominearre foar de Gouden Strop. Neist suksesfolle thrillers skreau se The Challenge, in spannend boek foar jongeren, yn it ramt fan it lêsbefoarderingsprogramma LêsNo. Ferline jier ferskynde fan Terpstra it famyljeportret Al mijn moeders, in konfrontearjende oade oan sân generaasjes froulju fan De Harkema.

Anita Terpstra: “Ik bin ferrast en fereare dat ik frege waard foar it Kadoboek fan 2023. It is foar my in grut kado om it te skriuwen en ik hoopje dat in soad lêzers der wille oan belibje sille. Ik kin noch neat oer de ynhâld fertelle, behalve dat it ûnderwerp grif in soad Friezen oansprekke sil.”

Fryske Boekewike yn novimber 2023
It Kadoboek wurdt presintearre op freed 3 novimber by de ôftraap fan it Frysk Boekefeest. It Kadoboek is dêrnei de hiele Fryske Boekewike, fan sneon 4 novimber o/m snein 12 novimber, fergees te krijen by oankeap fan in Frysk boek. It Kadoboek fan 2023 wurdt útjûn yn gearwurking mei útjouwerij Afûk.

Yn 2022 skreau Ferdinand de Jong it Kadoboek. Dêrfan giene der yn de Fryske Boekewike 1.500 eksimplaren oer de toanbank yn boekhannels rûnom yn Fryslân.

It Kadoboek is in inisjatyf fan Boeken fan Fryslân. Sjoch foar mear ynformaasje oer de aktiviteiten en projekten fan Boeken fan Fryslân op www.boekenfanfryslân.frl.

febrewaris 8, 2023 11:24
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.