Amerikaanske kankerpasjint praat troch harsenskea mei Iersk aksint
Resint ferskynd
In Amerikaanske man hat nei’t der prostaatkanker by him konstatearre wie, in “ûnkontrolearber Iersk aksint” ûntwikkele dat er oant syn dea holden hat, melde ûndersikers yn it wittenskiplike tydskrift BMJ.

Foto: Wikimedia Commons/Zellygumdrops – CC BY-SA 4.0
De man, dy’t neffens de ûndersikers earne yn ’e fyftich wie, hie gjin direkte famylje yn Ierlân. Hy lijde mooglik oan it ‘frjemdaksintsyndroom’. Dêrby begjinne minsken fanwegen in harsenskansearring mei in aksint te praten dat op in beskate bûtenlânske tongfal liket. De ûndersikers tinke dat de feroaring fan aksint it gefolch wie fan in oandwaning dêr’t it ymmúnsysteem fan in kankerpasjint ûnder mear dielen fan it brein by oanfalt. It is neffens de ûndersikers de tredde kear dat in kankerpasjint it syndroom ûntwikkelet en foar it earst dat dat by ien mei prostaatkanker bart. De oanbelangjende Amerikaan wenne om syn tweintichste hinne koarte tiid yn Ingelân en hie fiere famyljeleden yn Ierlân. Mar de ûndersikers sizze dat er nea mei in Iersk aksint prate foar’t er kanker krige.
Tige seldsum
It frjemdaksintsyndroom falt ûnder de taalproblemen dy’t it gefolch binne fan harsenskea. “It is in tige seldsume oandwaning”, seit Roy Kessels, heechlearaar neuropsychology oan de Radboud Universiteit yn Nimwegen, tsjin de NOS. “Pasjinten mei in taalsteuring kinne meastal de wurden net mear fine of net mear útsprekke.” Hy leit út dat dat benammen komt troch skansearring fan twa harsengebieten: fan Broca en Wernicke. “Mar it fremdaksintsyndroom komt by ferskillende harsenoandwaningen foar en sit net yn in beskaat gebiet fan de harsens. Wol komt it it faakst foar yn de frontaalkwab, de foarste parten fan it brein.”
Kessels seit gjin foarbylden te kennen fan kollega’s yn Nederlân dy’t mei in pasjint mei dat syndroom te krijen hân ha. Dysartry komt wol faak foar. Dan kinne pasjinten troch in skansearring fan it senuwstelsel net mear goed prate en yn guon gefallen sels ‘dronken’ klinke trochdat se mei dûbele tonge prate. Kessels: “Mar pasjinten mei it fremdaksintsyndroom binne wol gewoan te ferstean.”
Ynternasjonaal binne wol ferskate gefallen fan it syndroom bekend. Sa skriuwt de BBC oer in Britske frou dy’t yn 2006 in beroerte krige en ynienen mei in Jamaikaansk aksint like te praten. Der is ek it foarbyld fan in Noarske frou dy’t yn ’e Twadde Wrâldoarloch ferwûne rekke en dêrnei mei in Dútske aksint prate.
Behanneling?
Neuropsycholooch Kessels betwivelet oft it sin hat om de spraaksteurnis te behanneljen. “Ien dy’t as gefolch fan in harsenoandwaning stammerjend praat, kin men oanleare om op in oare manier dúdlik te meitsjen wat hy of sy bedoelt. It is de fraach wêr’t hjir de prioriteit leit. Ik soe tink ik earder de prostaatkanker behannelje as de taalsteurnis.”
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje