Amerikaansk jonkje (6) bestelt foar tûzen dollar oan iten mei heit syn snoadfoan
Resint ferskynd
In heit út de Amerikaanske steat Michigan sil him tenei wol twa kear betinke foar’t er syn snoadfoan oan syn soantsje jout om foar it sliepen noch efkes in spultsje te dwaan. Yn stee dêrfan bestelde de lytse Mason (6) fia itensplatfoarm Grubhub yn koarte tiid it iene nei it oare miel. De skea is sa’n tûzen dollar.

Foto: pixabay.com
Wylst Masons mem Kristin har sûnder aan yn ’e bioskoop fermakke, barde by har thús in finansjele ramp. Heit Keith hie besletten om syn soan net foar te lêzen, mar om him foar it sliepen in spultsje op ’e snoadfoan spylje te litten, dêr’t er sels krekt dêrfoar in miel mei besteld hie fia Grubhub. Doe’t nei in hoartsje de iene nei de oare besoarger oan ’e doar kaam mei efterinoar reuzegarnalen, shoarma en pitabroadsjes mei hin, krige heit kweatinken en gie er op ûndersyk út. Doe wie it kwea al bard, want Mason hie foar goed tûzen dollar oan iten besteld.

Foto: pixabay.com
Sparpot lege
It grutte tal bestellingen foel ek de bank fan Keith op, dy’t him in fraude-alaarm stjoerde doe’t Mason in bestelling mei in wearde fan 439 dollar die by Happy’s Pizza. Dy bestelling waard annulearre, mar de reuzegarnalen fan 183 dollar dy’t Mason by itselde restaurant besteld hie, kamen sûnder problemen troch de fraudedeteksje fan de bank. Heit Keith en mem Kristin wiene op syn sêftst sein net te sprekken oer it hâlden en dragen fan harren soantsje. Hja sprutsen him lilk ta en fertelden him dat wat er dien hie gelyk stie oan stellen. Om it him hielendal yn te piperjen, legen se ek noch de sparpot fan it jonkje, dêr’t 115 dollar yn siet, krigen op syn jierdei yn novimber.
Grubhub hat de pine foar Keith en Kristin fersêfte troch de húshâlding in tegoedbon fan tûzen dollar te jaan. De mielbesoarchapp lit yn him omgean om de famylje in rol yn in reklamekampanje te jaan, berjochtet parseburo AP. It iten dat Mason besteld hie, is foar in grut part yn ’e friezer bedarre.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje