AI-flater mei chatbot pakt djoer út foar Google

febrewaris 13, 2023 08:23 Fernijd

In ferkeard antwurd op in foarbyldfraach hat Google tsientallen miljarden koste op Wall Street. De priis fan oandielen keldere acht persint doe’t bliken die dat in reklameboadskip foar de nije chatbot Bard just goed de beheiningen fan dy nije keunstmjittige yntelliginsje sjen lit.

Boarne: google.com

Google yntrodusearre de nije tsjinst Bard ferline wike, as antwurd op in soartgelikens inisjatyf fan Microsoft, dat de avansearre tekstgenerator ChatGPT yn syn syktsjinst Bing yntegrearre. Yn beide gefallen wurdt keunstmjittige yntelliginsje brûkt om sykresultaten yn in gearhingjend ferhaal te presintearjen. Dat moat it moooglik meitsje om detaillearre antwurd te krijen op spesifike sykfragen. Men kin bygelyks freegje om reistips foar in reis fan fiif dagen nei Londen of in gearfetting fan wêr’t op Twitter in protte oer skreaun wurdt.

Bard joech lykwols in ferkeard antwurd op de fraach: “Wat kin ik myn njoggenjierrige fertelle oer de ûntdekkingen fan de James Webb-romteteleskoop?” Utsein de goede antwurden dat de teleskoop bygelyks tige âlde stjerrestelsels fotografearre hie, bewearde Bard ek dat de teleskoop “de earste foto’s fan in planeet bûten ús eigen sinnestelsel nommen hat”. Lykwols binne foto’s fan sokke eksoplaneten al yn 2004 troch de Very Large Telescope makke. De flater komt yn dizze útlis fan Google foarby:

It bedriuw joech ôfrûne woansdei, deselde dei dat de flater bekend waard, krekt in presintaasje yn Parys oer alle AI-ynnovaasjes dêr’t it oan wurket. De flater hat Wall Street net folle betrouwen jûn. Yn in reaksje seit Google dat der noch hurd wurke wurdt om bernesykten út it systeem te heljen foar’t it breed útrôle wurdt. Sa wurde der fan no ôf testers ynset om de resultaten betrouberder te meitsjen. Saakkundigen wize al langer op dat soarte fan flaters troch AI-programma’s. It wurdt hallusinearjen neamd, mei’t de bot tige oertsjûgjend ûnsin efterinoar set. Nammers is de grutte rivaal, ChatGPT fan Microsoft Bing, ek net frij fan bernesykten. Op de fraach fan parseburo AP wat it grutste sportnijs fan de ôfrûne 24 oeren wie, sei de sykmasine neat oer bygelyks it rekôr fan LeBron James, mar fertelde er yn geuren en kleuren oer de útslach fan de Superbowl, in wedstriid dy’t pas snein spile waard.

febrewaris 13, 2023 08:23 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.