Ein Fryske ynsprekmaraton streekrjocht te folgjen
Resint ferskynd
Juster wie de lêste dei fan de ynsprekmaraton en hjoed wurdt it projekt feestlik yn in livestream ôfsletten.

Boarne : Afûk
De ynsprekmaraton, dêr’t ferline jier mei úteinset is, hie as doel om safolle mooglik oeren oan ynsprutsen Frysk op te nimmen en sa by te dragen oan de ûntwikkeling fan Fryske spraaktechnology.
De livestream is fan ‘e middei ek fia de sosjale media fan de Afûk streekrjocht te folgjen.
De Fryske Vlogger en Sietske Poepjes sille om 12 oere it startsein jaan en ferskate Fryske gasten ûntfange. Under oaren Emiel fan De Hûnekop, Sjoerd fan Sjoerd en sa, Tjits Floch en rapper Sample Text binne derby.
De livestream is de ein fan de ynsprekmaraton en in feestlik momint om stil te stean by it belang fan it Frysk yn de technologyske ûntwikkelingen. Hy is fan 12.00 oant 16.00 oere te folgjen op de sosjale media fan de Afûk en op www.defryskevlogger.nl/ynsprekke.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje