Ynternasjonaal wittenskiplik kongres yn Frysk Museum oer Fryske midsiuwen

jannewaris 19, 2023 09:26

Op sneon 28 jannewaris 2023 organisearret it Frysk Museum, yn gearwurking mei de provinsje Fryslân, in ynternasjonaal wittenskiplik kongres. By dat Ingelsk- en Dútsktalige konkres wurde nije ynsjoggen oer de Fryske midsiuwen behannele: New insights on medieval Frisian society / Neue Erkenntnisse über die mittelalterliche friesische Gesellschaft.

Foto: Denise Amber Photography

It museum bringt goed sechtich akademisy út binnen- en bûtenlân byinoar om te redendielen oer resinte ûntdekkingen oangeande de Fryske midsiuwen. Sintraal stiet it fraachstik oer de kontinuïteit of diskontinuïteit fan de mienskipsstruktuer fan de midsiuwske Friezen. Yn hoefier wurde iermidsiuwske regels, brûkmen en wensten trochset yn de folle en lette midsiuwen? It kongres wurdt om 10.00 oere troch deputearre Klaas Fokkinga iepene.

Troch op ’e hichte te wêzen fan inoars rinnende ûndersiken en dêroer te diskusjearjen, kin it ‘ferhaal fan Fryslân’ aktualisearre wurde. Net allinnich binne de nije ynsjoggen nijsgjirrich foar it hjoeddeiske Fryslân, ek foar oare parten fan it âlde Fryslân, en mooglik ek op oare plakken, sille ûnderdielen dêrfan jilde. De nije ynformaasje dy’t oan it ljocht komt, moat ek wer in plakje krije yn de archeologyútstallingen dy’t it museum de kommende jierren programmearret.

Midsiuwen yn it Noarden
It kongres wurdt organisearre yn it ramt fan de útstalling Frijheid, Fjochterij, Fagefjoer: de midsiuwen yn it Noarden. Yn dy útstalling komt de eigenaardige, ferburgen wrâld fan Tota Frisia tusken 1067-1567 ta libben. De eksposysje giet yn op fragen as: Hoe seach de mienskip fan it midsiuwske Fryslân derút? Wat hold de Fryske frijheid yn? En yn hoefier doocht it algemiene, besteande byld fan de midsiuwen dat wy hawwe? De útstalling is noch oant en mei 7 maaie 2023 yn Ljouwert te sjen.

It kongres wurdt mei mooglik makke troch de Provinsje Fryslân.

jannewaris 19, 2023 09:26
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Lútsen jannewaris 19, 10:37

    Kin elk dêrhinne?

  2. A. Kramer jannewaris 21, 19:21

    Lútsen, Ik haw op ‘e website fan it Frysk Museum socht en sjocht. Mar ik tink fan net, it is tink ik allinne bedoeld foar harren dy’t noege binne. It is wol mooglik dit troch skilje of maile oan it Frysk Museum sels te freegjen.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.