Winner Filmkick-kompetysje wurdt 26 jannewaris bekend makke
Resint ferskynd
Tongersdeitejûn 26 jannewaris 19.00 oere wurde de Filmkick Award en de byhearrende priis fan € 10.000 útrikt yn Slieker yn Ljouwert.

Winner Filmkick 2018 ‘Nei de dûns’ (foto: Roelof Heida)
Foar de Filmkick-kompetysje binne seis ambisjeuze plannen yntsjinne troch filmmakkers út hiel Nederlân. De profesjonele sjuery, dy’t bestiet út Joke Olthaar (filmmakker fan û.o. Berg), Tim Leyendekker (filmmakker fan û.o. Feast) en Safirah Dijkstra (dramaturch by HUMAN en bestjoerslid fan filmferiening VERS), makket bekend wa’t wûn hat en 10.000 euro kriget. Mei dat prizejild kin de winner oan ’e slach om de koarte film te realisearjen foar de wrâldpremjêre op it Noardlik Filmfestival fan 8 o/m 12 novimber 2023.
Mei de Filmkick wol it Noardlik Filmfestival de regionale filmkultuer útdaagje en talintfolle filmmakkers fan eigen boaiem stimulearje yn harren wurk en in opstap biede. De kompetysje is foar koarte filmplannen foar fiksje, dokumintêre, keunst, animaasje of muzykfideo (tusken de trije en tsien minuten op syn meast). Njonken it prizejild mei it folsleine budzjet fan de film mei fiiftûzen euro alternative finansiering oanfolle wurde.
De trijekoppige sjuery beoardielet de plannen en skripts op aktualiteit, orizjinaliteit, helberens, artistike kwaliteit en in relevante keppeling mei Fryslân. Net-Fryske makkers kinne meidwaan troch bygelyks te filmjen yn Fryslân, te wurkjen mei in Fryske filmploech of de Fryske taal yn it skript op te nimmen.
It is foar de njoggende kear dat de Filmkick Award útrikt wurdt. De realisearre films fan de winners reizgje nei de premjêres yn Ljouwert almeast nei oare filmfestivals oer de hiele wrâld, slepe geregeld prizen yn ’e wacht en iepenje nije doarren foar de ambisjeuze makkers. Mear ynformaasje is te finen op www.noordelijkfilmfestival.nl/filmmakers/filmkick-competitie.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje