Winkelleechstân nei jierren wer wat opbettere
Resint ferskynd
- Advintskonsert troch Vocaal Ensemble Vocalibre yn Doarpstsjerke Huzum 0
- Doede Wiersma: In politikus dy’t foar frede is 0
- Wichtich wurk fan Collenius werom yn Grins 0
- Ferlinging subsydzjeregeling enerzjykoöperaasjes Fryslân 0
- Bouwe de Boer: Wynmûnen en stroomopslach: de motoaren fan de energetyske revolúsje 0
Ein 2022 stiene yn Nederlân 12.700 winkelgebouwen leech. Dat wiene 1700 minder as begjin ferline jier. Mei seis persint is de leechstân werom op it nivo fan 2011, docht bliken út nije sifers fan merkûndersiker Locatus.

Foto: pixabay.com
De tebekrinnende leechstân wurdt neffens it bedriuw foaral feroarsake trochdat in protte winkelgebouwen ferline jier in oare funksje krigen ha. Yn bygelyks Ljouwert, Roosendaal, Rijswijk en Amsterdam waarden âlde winkels ta wenromte omboud. Mar der is noch in oare ûntwikkeling. Yn guon bedriuwstûken binne de ôfrûne jierren troch de sterke opkomst fan ynternet safolle winkels ferdwûn dat de boaiem sa stadichoan wol berikt liket. En dat der sels wer romte foar nije saken ûntstiet. Nei jierren fan delgong sjocht Locatus in oplibbing by juweliers, itenswaarwinkels en saken foar bygelyks postsegels en munten. It jildt bygelyks ek foar de boartersguodbrâns. Fan de goed 1100 boartersguodwinkels yn 2004 wiene der noch goed 600 oer. No is oan de sifers te sjen dat it tal boartersguodsaken wer wat tanimt.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje