Wat betsjut dyn namme – Nynke
Resint ferskynd
Miskien witte jo wol wat jo namme betsjut, mar miskien ek wol net. Yn dizze rubryk ferdútse we de betsjutting fan foarnammen.
Boarne: eigen foto
Nynke (yn it Hollânsk ek wol Nienke) is fan oarsprong in Fryske famkesnamme, dy’t ôflaat is fan de Fryske namme Nine, dy’t wer fan Catharina komt. Catharina wurdt yn ferbân brocht mei it Grykse katharos: ‘rein, skjin, suver’. Neffens guon komt it fan alkaterinè, dêr’t de Russyske foarm ‘Ekatarina’ op wiist. De th soe der dan yn kommen wêze ûnder ynfloed fan it Grykse wurd katharos (hoewol’t it ek ferklearre wurdt út aeikaternè ‘de altyd reine’).
Der is noch in oare ferklearring en wol it Siryske kéthar ‘kroan’. It is dus net alhiel wis wêr’t de namme krekt wei komt.
De namme wie al yn de betide midsiuwen faak yn West-Europa te finen.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje