Waarpraatsje: Winterske buien
Resint ferskynd

Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – It wie in kâlde dei mei letter hieltyd mear wyn en dêrom die it foar it gefoel noch kâlder oan. De kâns op winterske buien is de earste pear dagen grut.
Woansdeitejûn en -nacht falle der rûnom yn Fryslân buien mei (wiete) snie, heil en miskien wol tonger. Der stiet in pûster wyn út it westen oant noardwesten, mar yn ‘e nacht jout de wyn him stadichoan wat del, útsein by de kust lâns. De temperatuer leit om it friespunt hinne.
Tongersdei skynt de sinne sa út en troch, mar der falle ek wer winterske buien. De westewyn is frij krêftich oant krêftich, mar nimt geandewei wat ôf. It wurdt in graad of 3.
Freed bliuwt it ek noch net drûch.
Warskôging: Woansdeitejûn, -nacht en tongersdei kin it op guon plakken glêd wurde troch winterske delslach of befriezing fan wiete diken.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje