Waarpraatsje: Skrousk
Resint ferskynd

Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – Der sit gjin libben yn it waar en it is ek nochris skrousk. Der feroaret de hiele wike net in soad, mar it sil wol wat mylder wurde.
Moandeitenacht soe it op guon plakken yn Fryslân wat dampich wurde kinne. It waait hast net en de temperatuer leit om it friespunt hinne.
Tiisdei wurdt wer in skiere dei, mar it bliuwt wol drûch. De noardeastewyn is swak oant matich. Yn ‘e middei stiet der net folle wyn mear. It wurdt 3 graden.
Woansdei en tongersdei is der kâns op wat rein.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje