Waarpraatsje: Rûzich
Resint ferskynd

Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – It wie in kreaze, mar wol hiel rûzige moandei. Op tiisdei en woansdei stiet der ek in soad wyn.
Moandeitenacht is it drûch. De wyn giet nei it westen oant súdwesten en is matich, by de kust lâns frij krêftich. It wurdt in graad of 3.
Tiisdei soe it earst sa út en troch wat (sto)reine kinne, letter falle der in pear buien en yn ‘e rin fan ‘e dei binne der ek opklearringen. De wyn komt út it súdwesten oant westen en is matich oant frij krêftich, mar by de kust lâns, boppe de Iselmar en yn it Waadgebiet stiet mear wyn. It wurdt 7 graden.
De oare dagen fan dizze wike bliuwt it waar hinne en wer gean. It is wol myld foar ein jannewaris.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje