Waarpraatsje: Rûge woansdei
Resint ferskynd

Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – It wie tiisdei foar it grutste part drûch, mar der stie wol wer in soad wyn. Woansdei wurdt sels in rûge dei.
Tiisdeitenacht bliuwt it, sa goed as, drûch. De weste- oant súdwestewyn is matich, by de kust lâns krêftich oant hurd. It wurdt 3 graden.
Woansdei nimt de bewolking ta en der falle in pear buien, miskien wol mei heil en tonger. De wyn komt út it westen en is frij krêftich, mar by de kust lâns en boppe de Iselmar krêftich oant hurd. By de noardlike kust lâns kin de wyn stoarmich wurde mei kâns op flinke wynpûsten. De temperatuer leit om de 7 graden hinne.
Fan tongersdei ôf wurdt it in bytsje rêstiger.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje