Waarpraatsje: Kâld mar drûch
Resint ferskynd

Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – It wie freed in hiel grauwe en kâlde dei. Yn it wykein bliuwt it wintersk, mar wol drûch.
Freedtenacht is de loft berûn en by hast gjin wyn leit de temperatuer om it friespunt hinne.
Sneon krije we sa’t it liket in berûne loft mei net in soad wyn, mar by de kust lâns waait in matige noardeastewyn. It wurdt 2 graden.
Snein feroaret der net folle oan it rêstige winterwaar. Wy sjogge de sinne, nei alle gedachten, hast net en by in matige noardewyn wurdt it 3 graden.
Moandei is it wer hiel ferfeelsum waar. By in soad bewolking en in swakke eastewyn leit de temperatuer oerdei in pear graden boppe it friespunt.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje