Waarpraatsje: Gjin winter
Resint ferskynd

Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – It wie woansdei in skiere en kâlde dei, mar wier winter wol it net wurde.
Woansdeitenacht kin it sa út en troch wat reine. By in swakke oant matige noardwestewyn leit de temperatuer in pear graden boppe it friespunt.
Tongersdei bliuwt it, sa goed as, drûch en der binne ek in pear opklearringen. Wy sjogge de sinne wer efkes. De wyn komt út it noarden en is matich, by de kust lâns frij krêftich oant krêftich. It wurdt it graad of 5.
Freed en sneon is it wer wat kâlder.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje