Waarpraatsje: Gewoan winterwaar
Resint ferskynd

Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – Nei in hiel lange rite mei tige myld en wiet waar, is it no wintersk en dat bliuwt it ek noch wol in pear dagen.
Tongersdeitenacht wikselje bewolking en opklearringen inoar ôf en der kin in winterske bui falle. By hast gjin wyn leit de temperatuer tusken -1 en +3 graden.
Freed sil de sinne sa út en troch skine, mar de loft is foar in grut part berûn, en letter krije we wer wat winterske buien. De matige wyn komt earst út ferskillende rjochtingen, mar giet yn ‘e rin fan ‘e dei nei it noardeasten. It wurdt 3 graden.
Yn it wykein bliuwt it kâld, mar it is wol drûch.
Warskôging: Tongersdeitejûn, -nacht en freed yn ‘e iere moarntiid kin it troch winterske delslach of it befriezen fan wiete diken op guon plakken glêd wurde.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje