Waarpraatsje: Froast yn ‘e nacht
Resint ferskynd

Foto: Jan Brinksma
DE JOUWER – De sinne wie der tiisdei wer ris goed by, mar der foelen ek wat winterske buikes. It bliuwt foarearst oan ‘e kâlde kant mei froast yn ‘e nacht.
Tiisdeitenacht is it op de measte plakken drûch. Der stiet net in soad wyn en it friest in pear graden. By de kust lâns leit de temperatuer om it friespunt hinne.
Woansdei skynt de sinne geregeld, mar der kin ek in winterske bui falle. Der stiet net in soad wyn, mar by de kust lâns waait in matige oant frij krêftige súdwestewyn. Yn ‘e middei boazet de wyn oeral wat oan en komt by de kust lâns dan út it westen. It wurdt 4 graden.
Tongersdei falle der wat mear winterske buien.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje