Waarpraatsje: Ferfeelsum waar
Resint ferskynd

Foto © Jan Brinksma
DE JOUWER – Der sit gjin beweging yn it waar en dat bliuwt ek noch wol efkes sa. It is skrousk waar mei hiel grauwe bewolking.
Tiisdeitenacht is de loft berûn en by hast gjin wyn leit de temperatuer om it friespunt hinne.
Woansdei is de kâns op sinne hiel lyts, mar it bliuwt, nei alle gedachten, wol drûch. De swakke oant matige wyn komt út it súdwesten. By de noardlike kust lâns boazet de wyn letter in bytsje oan. It wurdt 4 graden.
Tongersdei en freed is in glimp fan ‘e sinne net hielendal útsletten.
Jan Brinksma
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje