Undersyk nei geotechnyk om opwaarming ierde tsjin te gean
Resint ferskynd
Witere wolken meitsje of dieltsjes de loft ynsjitte om de opwaarming fan de ierde tsjin te gean. It binne foarbylden fan geotechnyk of klimaattechnyk, oftewol it yngripen yn de natuerlike systemen fan de ierde. It doel derfan is it tsjingean fan klimaatferoaring. De TU Delft set dit jier yn gearwurking mei de universiteit fan Cambridge útein mei in grut ûndersyk nei klimaattechnyk.

Foto: pixabay.com
De teory is dat witere wolken mear sinneljocht wjerkeatse en dat dêrtroch de ierde ôfkuolje sil. “Wy sille ûndersykje oft it wurket en wat de effekten en risiko’s fan dy technologyen binne”, seit heechlearaar atmosfearûndersyk Herman Russchenberg fan de TU Delft. In wolk kin bestean út in protte lytse drippen, of in lytser tal grutte drippen. “Sinneljocht dat op in wolk mei in protte lytsere drippen falt, wurdt better reflektearre as sinneljocht op in wolk mei minder, mar gruttere drippen”, leit Ruschenberg út. De heechlearaar wol mei syn ûndersyk wolken boppe see feroarje. “Men soe sâltkristallen út see pompe kinne, fernevelje en dêrnei yn in wolk blaze”, seit Russchenberg. Sa komme der mear lytsere drippen yn in wolk, sadat er witer wurdt en mear reflektearret as yn in natuerlike situaasje. Sa wurdt de ierde ôfkuolle. Dat hjit op syn Ingelsk marine cloud brightening.
De kommende jierren ûndersykje se yn Delft oft dat ek echt sa wurket. “Wy wolle sjen oft it technysk kin, mei sâltkristallen. Dêrnei wolle wy sjen oft it ek echt ôfkuoljend wurket en oft der ûnbedoelde byeffekten binne”, fertelt Russchenberg. It soe bygelyks kinne dat reinpatroanen troch minsklik yngripen feroarje. Yn de Feriene Steaten hat de oerheid ek krekt in grut ûndersyksprogramma lansearre. De kommende fiif jier wurdt dêr ek ûndersyk dien nei technologyen om de gefolgen fan klimaatferoaring tsjin te gean. It giet dêr bygelyks om saneamde stratosfearyske aerosolynjeksjes. Dêrby wurdt sweveldieltsjes yn de stratosfear, kilometers boppe de ierde, brocht. Dy ferspriede har om de ierde en hâlde ien oant twa persint fan it sinneljocht tsjin, sadat de temperatuer op ierde omleech giet. Dy dieltsjes bliuwe likernôch in jier yn de stratosfear. Dêrnei moat it opnij dien wurde, oars is it effekt fuort.
Mei stratosfearyske aerosolynjeksjes is noch net eksperimintearre. Der is in kear in proef opset troch wittenskippers fan Harvard. Dy woene in ballon mei twa kilo kalkstof yn de atmosfear bringe, om te sjen hoe’t de dieltsjes har ferspriede soene. Mar mei dat eksperimint binne se opholden, mei’t der te folle ferset tsjin wie. No’t der mear ûndersyk komt nei nije mooglikheden, nimt dêr it ferset tsjin ek ta. Hûnderten wittenskippers tekenen in pleit om ynternasjonaal ôf te praten om gjin klimaattechnyk te brûken, mei’t de risiko’s derfan nea hielendal yn kaart te bringen binne. In protte minsken binne ek bang dat der gjin motivaasje mear wêze sil om op te hâlden mei fossile brânje as klimaattechnyk gongber wurdt.
Herman Russenberg is wol fan betinken dat ûndersyk dien wurde moat foar’t ideeën ôfsketten wurde. “As we aanst in ierde hawwe dy’t fierste waarm is om op te libjen en der is gjin ûndersyk nei de oplossingen dien, dan steane we mei lege hannen.” Neffens him kin, as de teory doocht, mei wolkferheldering de temperatuer mei ien graad werombrocht wurde, en binne dy techniken mear in helpmiddel om de ierde yn ’e takomst leefber te hâlden.
Earst begjinne se yn Delft mei de teoretyske stúdzje. Mooglik binne yn 2024 de earste eksperiminten. Dat soe dan de earste kear wêze dat de teory fan marine cloud brightening yn ’e praktyk brocht wurdt. Mochten de resultaten in protte ûnthjitte, dan folget de fraach hoe’t dy yn ’e takomst ynset wurde kin.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje